is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ja, waei üt, wreidsje üt, en wird aloan greater, alde fryske trou. Dou biste der yet, — bliuw, en soargje det fen üs neiteam ienris net sein wirde moat: hinne en wer as de wyn! By it poarsje forkeardeeigenskippen det wy ha, by üs efterlikens yn in hopen dingen, is dit in saek dêr't wy op romje meije: det in Fries syn wird in Fries syn died is!

Rou mar trou wier 't lanfolk alearen, sei 'k. De trou is bleaun, mar de biskaving hat sünttiid forskate modderreden ta pündiken ef strietwegen makke, en skoallen by de mennichte boud, det men scoene sa sizze: dy alde rouwens moat foart wêze, as wier se foartfage!

Mar is se foart?

't Is better as 't west hat. Better as yn 'e tiden do't wy yette „biersalmen" songen. Ik wit wol: it giet der yet wolris oan 'e hoasbannen ta troch, en as men fen tsjieren en fjuchtsjen léze wol, hat men de rjuchtsaken yn 'e krante mar nei to gean. Mar hwa't yn 'e gelegenheit west hat om to sjên ho't it jongfolk oan de oare kant de Sudersé him haldt en draegt, scil bikenne moatte: ik hald it mei de

Friezen; dy binne lang sa oerdwealsk en ünforskillich net!

* **

Rin ik mei de trou, de rounens fen üs Frysk aerd yet al gans in ein foart, in minder moaije eigenskip fen det aerd is nijsgierrigens.

De Friezen binne slim nijsgierrich. Hja freegje der mar op ta, as se in frjemd yn 'e bisnijing krije kinne. Det fornaem ik in mennich jierren lyn, do't ik op in winterdei ris fen 'tFeannei Ljouwert spoarde.

Ik slagge yn in coupé, dér sieten twa jongfeinten yn.oarsnimmen net. Det it in pear Fryske mölkfeinten wieme üt Dütsklan, dy't ris wer thüs sjên scoene, seach ik opslach al. Hja hiene allebeide sa'n grien hoedtsje op, mei in fearke skean by 't lint yn,en in great kneppel ta gongelstók yn 'e hannen.

En al hie 'k it net sjoen, ik scoe 't ringen hearre.

It wier sterk iis, mar de moarns wier 't bigoan to teijen.

Ik wier amper to stoel en to bank, do frege de iene mölkfeint:

„Wel Herr, wat sagen sie der fon, geet it Ais fort?"

Dit is opmerklik yn in Fries: as er in skoftke om utens forkeard hat, slacht him det alderearst op 'e tonge; den forbyldt er him det er