Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Det hie 'k net sizze moatten, fornaem ik al gau. Myn eksaminator foun der oanlieding yn, om fierder to freegjen:

„Soa, den binne jy der einliks net fendinne?"

— „Né, einliks net. — Jonge, it giet der wol aerdich oer; wy binne hast al to Akkrom "

„Hwer den wei as ik freegje mei?"

As er freegje mocht! Goede Grytsjemoei, hy hie my 'thimdhast al fen 't gat frege!

— „Ik bin hjir üt Hollan wei komd. — Hwet litte dy ramtkes in siges troch, net?"

„Eikom, ut Hollan! Mar jy binne döchs gjin Hollanner, oan jou sprake to sizzen."

Hjir liet er for 't earst de freegjende wize los, en mytochte, nou wier anderjen gjin noadsaek. Ik hold my stil, krige myn spoarboekje üt 'e büse, en bigoan dêr hwet yn om to blêdzjen.

Sa rölle det der in minüt-twa frédich hinne. Do tocht de mölkfeint fêst, det ik genöch lins hawn hie, en lei my fen nijs oan op 'e pynbank.

„Jy binne faeks net fen 'e Drachtster kant, wol?"

Achte hearders, ik hie yn dy twiskentiid nin kik noch mik sein, lit stean fen Saturdei. It wier oars neat as in taest yn 'e romte.

Ik joech him fêstichheit, det ik yn Drachten net bikend wier. Det koe 'k ek mei in wird fen wierheit sizze.

„O," seid er, „ik tocht it sa mar. Ha jy lang yn Hollan forkeard ?"

Hawar, — om koart to gean, ik moast alles earlik opbychte. Hwer't ik den „einliks" wei wier, hwet ik „einliks" die for 'e breakoarsten, eft ik troud wier, eft ik ek bern hie, hwer't ik nou hinne scoe, en folie net genöch.

„Nou," sei er op 't lést, do't er sahwet alles wist, hwet der oan my to witten is, „Hepkema det 's wol in aerdige krante. Wy léze him ek hast allegearre yn Dütsklan. Eine ganz gute Zeitung!"

Wyls seach er my ris fen siden oan, sa hwet skean, ef, lyk as Gysbertom sizze scoe:

Hy ünderkipe my fen foare Lyk in skiere krie de knoare.

Sluiten