Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

mar det wy der hwet fen biwarje scille, — en wer neilitte oan üs bern.

Ik wol net sizze det wy üs klaeije en skoaije moatte as pake en beppe. Lit üs de tiid mar meinimme; hy nimt üs ek mei, al ho't wy yn 't gat hingje meije. Ik bin neat 'nt ünwennich fen nianljue mei in sarjens baitsje, in broek mei kütgaspen, en lege skoen, ek net fen frouljue mei in fyfskaften jak oan en in blaudrukte holdoek om. As wy fen doel binne om Friezen to bliuwen, moatte wy üs krêft net siikje yn efterlikens, hwent efterlikens brekt öf. Mar.... like min yn neidwaen; det helpt yen ek fen 'e wal yn 'e sleat. As üs foarütgean folgjen is, bliuwe wy ommers altyd efterst, — en faeks ek alhiel efter, om't folgjen op 'en dür fortret. Sjuch det oan saun fen üs alve stêdden, en oan 't Fryske Haechje der by. Dy binne yn 'e tael it Fryske paed bjuster rekke, mar yn 't rid det de Hollanske foetleasten neilitte, op healwei stykjen bleaun. Nou binne se fen 'e fügels forachte, en by de müzen net yn tel. Bisiikje 't ris om in moai Hollansk dicht- ef proazastik yn 't stedsk oer to setten, — 't kin net! Om 'e hoeke fen eltse letter stiet in pyas to gnizen. Bisiikje 't mei in pittich Frysk stik, — 't is allegearre krekt itselde.

Né, as wy üs eigen paed geane, meije wy wol mei de tiid yn 't lyk bliuwe, dêr bliuwe wy like goed Friezen om, en üs tael frysk, det kin net misse!

*

* «

De Friezen binne fierders tige sunich. Hast to sunich; deun mei men 't sims wol neame.

Frouljue dy't kloeker hüshalde kinne as üs arbeiderswyfkes, binne der net. Binammen üs éoe/r-arbeidersfrouljue ha der slach fen.

En de manljue kinne folletiids ek mei in dripke ta.

Sa ha 'k ris fortellen heard fen in ald man, dy hie fjirtich jier oanien deselde deiske broek droegen. De iene kear sette syn wiifder ris in nije foarkant yn, de oare kear wier 't oan in nije efterkant ta. Det gyng krekt om 'e oarde, en sa bleau 't altyd in kreaze healsliten broek, oars net?

Under 'e alder ein fynt men sokken yet by de rus. De jonger ein

Sluiten