is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

is al wer oars; dy wit wol trochslach to krijen yn 't jild, — wolris hwet al to folie, scoene men sa sizze, al is 't wier, det wy ek yn dit stik fen saken streekhalde moatte mei de tiid.

Ik kaem hokkerdeis ris in ald man fen in fiifentachtich jier to wirden. Wy krigen it geande oer 'e polityk. „Do't ik boerefeint wier," sei er, „plichten wy tachtich en njuggentich goune to fortsjinjen, en dêr holden wy yette fen oer. Kom dêr nou ris om! Tsjinwirdich moat in boerefeint hündert ryksdaelders ha, en den is 't noch altyd allegearre op en wei!"

Ik tochte: hwet hat det nou mei de polityk to meitsjen, mar hy forfette, nei't er in amerij yn prakkesaesjes sitten hie:

„Ja, en det is nou allegearre de soasyalen hjar skild!"

Né alde baes! Det in boerefeint tsjinwirdich Ijeaver in fyts hat, as goed hwet klean yn 'e kiste, dêr hat de iene ef de oare politike partij gjin skild oan, mar 't leit yn 'e tiid dy't wy bilibje. Dy hat yn koarte jierren troch de goede wegen en mear fen soks de greate wrald mei syn ütfiningen ta in mienskar makke, dêr't elts op weidzje kin as er syn jild der for oer hat. En det is sa hird gien, det it follen it bistjür oer 'e büse kwytmakke hat. Mar al njunkelytsen scille se der wol wer hwet ta biwenne, om foar 't keapjen mei de ponge to riede to gean!

* *

«

As men efterhalden wêze moat mei 't ien ef 't oar, is det faek gjin suver spil, sei ik niis.

En det is sa.

Mar dêrom hoeft men 't herte altyd net foaren-oan op 'e tonge to habben. Ei jonge né! Alle dingen ha twa oanfetsels, bihalven in koekpanne, dy't mar ien, en in domenyssteek, dy't trije hat. Nou, as men dizze saek nou ris by it oare oanfetsel beetnimt, mei men 't in greate deugd neame fen 'e Friezen, det se faken efterhalden blike to wêzen, en it neiste sizze, mar it alderneiste for hjarsels halde.

In Fries mei min oer Hollanske iepenhertigens. Faek en folie neamt er it praet en it dwaen en litten fen syn bürljue oan 'e oare kant de Sudersé „sa flau as luzen."