Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

leau'k. En do sei de Friezinne: En mijn pa is kaptein op 'e chroote faert I"

Letter hearde ik by tafal, det de man wier fearskipper, en kaem wolris oer 'e Snitser mar, as dy net to hol stie.

Sokke efterhaldenens stiet in minske net sa gnap, siz ik yetteris.

De Friezen binne ek ünforsetlik, steech fen aerd. „Dü bist ja 'n Freise styfkop!" seit in Orinslanner, as er tsjin in Fries oan't skelden rekket — det bart yet al ris, hwet sizze jimme oars, skippers? — en den hat er alhielendal gjin üngelyk.

Hwet in Fries foar him nomd hat, det moat en det scil, al scil den op 't lést de Onderste stien ek boppe. Halbertsma teikenet dy stiifkoppigens sa goed yn det yn-moaije fers fen 'e Likeblom:

'k Scil der net in trien om litte,

Al bring ik dy moarn to hóf!

lit er de alde Terkappelster boer sizze, as syn dochter Mary tsjin syn sin mei hjar feint üt to riden giet. En as Mary neitiid fordronken is en bigroeven wirdt, slüt it fers:

En üs heit, om wird to halden,

Liet by 't grêf nin inkle trien!

Sa yn sa'n fers liket dy stegens, det stean for yens wird, yen in ding ta dêr't men earbied for ha moat. Oan 'e iene kant moat men

det ek, — wis al. Mar 't hat al wer twa oanfetsels, en oan 'e oare

kant hat üs stiifkoppigens, üs conservatisme mei men 't in hopen tiden neame, üs mear lést as rêst brocht. Wy binne der troch yn 't efteroangean rekke, en moatte, as de kniper op 'e skine komt, döchs hieltyd de nekke bügje. De léste boer komt ek oan 't fabryk, al is 't faken in kertiers-ieu to let.

VI.

Nou ha wy de foarnaemste eigenskippen fen üs folksaerd hawn,— op ien nei: de humor.

Sluiten