is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Us folksaerd is tige humoristysk.

Mar as ik hjir oer op 'e tekst scil, den moat ik üs sprake deryn bihelje, hwent dêr moat it oan blike.

Dêrom scille wy nou ris sjên, yn hofier as de eigenskippen fen üs aerd yn üs sprake ütkomme, en de humor, dy't nou ienris lést is, hjirby ek oan 't lést ta biwarje.

„De taal is gansch het volk; zij is de natie zelve!" hat Dr. Joast Hiddes Halbertsma mei in wier wird sein. Yn in folk syn sprake sit in folk syn wêzen, syn aerd.

Yn it Fransk fynt men it wiffe, it losse en luftige fen 'e Fransken.

It Ingelsk docht mei frjemde wirden foart mar as binne it sines. Det is to sizzen: it jowt der syn eigen ütspraek oan. Nou, sit dêr net it bazich aerd fen 'e Ingelskman efter, dy't altyd tinkt: hwet hjir by uzes op 'e pölle komt, moat mar Ingelsk mei wêze, oars wol ik der gjin gedoente mei ha?

En net allinne det it gearhinget fen biten en brokken üt oare talen, lyk as in biddeltekken üt alderhanne üngelikense fodtsjes en flardtsjes güd, — it is ek bysündere sloadderich fen bou. It is om sa mar to sizzen naeid mei in gleone nidle en in barnende trie. It hat dêrby in poarsje koarte wirden; de lange wirde mar heal, sims mar fearns ütspritsen. Sa docht it yn alles bliken det it ütskaeid is nei John Buil syn time-is-money-geasi.

Ut it Dütsk priuwt men de moaijens en fleonskens, de miedskens scoe 'k hast sizze, fen 'e Dütskers, en ek tige hjar sentimentélens. For sentimenteel ha de Friezen gjin eigenoanret wird; it bitsjut sahwet flau, troch ende wertroch gefoelich. De Hollanners witte it likemin as wy yn hjar sprake to sizzen, mar hjar skriuwers brüke der wolris de frequentative foarm fen gevoelig ta: gevoelerig. Yn hofier dit nou de wirtel yn 't lid rekke is, dêr bliuw ik óf.

De Dütskers ha dy sentimentélens slim hiem, binammen yn hjar dichtwirk. Hjar swiersettigens hat sims roai noch liken, howol, it fait yn 'e deiske omgong hwet ta.

Ik ha ris immen dy't tige it mier hie oan alles hwet nei sentimen-