is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

télens aerde, sizzen heard: „Echte Dütske folkspoësye dêr drippe altyd triennen trochhinne. En den moat der ek yet in tige kliemerige wize op wêze, nou, den ha 'k it jo sein! It is ien fen beiden : allegearre lieb und siiss, ef allegearre schaurig und traurig hwet de klok slacht; dêr twisken-yn wenje sa 't liket gjin minsken. Men kriget it der fen op 'e simmels, ef men rint der hird by wei sa wêrzget it yen."

Dit giet my to fier, mar der is al hwet fen oan, sa is 't mar.

De Hollanners binne deftich en stiif, ef ha 't alteast west, en sa is hjar sprake ek min efte mear. Tsjinwirdich is men dwaende, om it Hollansk wer hwet fioatiger to meitsjen, mar det hat foetten yn 't gat. It is desalniettemin en evenwel nochtans al sa swietwei kwytrekke, mar desalniettemin en evenwel nochtans wol 't yet mar hiel komselden hwet witte fen 'e roune, soune folkssprake. It is grif mei de linige lea to wrald komd, mar 't hat in forkearde baekster hawn: ien fen 'e

alde leare, dy't swarde by milrift en pakspjelde.

♦ , *

En hwet fine wy nou yn 't Frysk?

Alle eigenskippen fen üs folksaerd.

Dêr is bygelyks alderearst wer üs sin for frijdom. Us greate taelgelearde Colmjon wist ek wol det wy dy, en al üs oare eigenskippen, yn üs sprake weromfine kinne. Hy dichte ommers:

Ja, wy scille üs tael biwarje,

Tsjüge en byld fen Fryske sin;

Ofprint fen de geast der óffears,

Fen hjar eable frijdomsmin!

„Mar hwer is den dy „frijdomsmin" yn it Frysk; ik sjuch se net 1" ropt men licht wol.

Einou den: it hiele wêzen, it yn-en-om fen üs sprake is frij. De slaefskens sit der sa net yn as yn somlike oare talen.

Yn in diel fen it greate Dütske ryk seit de mindere man, as er lanhearre syn wiif oansprekt: „Küss' die Hand, Gnadige!" Bigrypris