Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

oan! As in Fryske boer, dy't syn hier opbringt, ris tsjin lanfrou sei: „Ik lütsje jo de han, genadige!" Det scoe fensels igge noch seam riere. Né, den seit üs boer by 't öfskie, wyls't er mei hjar füstket det it minske de eagen tichtknypt: „Nou, lanfrou, sounens en 't béste, hear! En as lanhearre en lanfrou nei üngetiid ris in dei komme wolle to tsjükiten, den moat det foaral en biljeaven net oergean. De jiffers ek mar mei!" En hy seit er it wol net by, mar hy tinkt döchs bydy léste wirden: „Den kinne se ek ris sêd krije, dy stumpers!" Hwent neffens syn bitinken is de oarsaek fen stêdske mitigens middeis to min fet, en oars neat.

Mar det is oar praet, hwette?

Men scil fierders wolris opmirken ha, det it Frysk einliks gjin wird hat for 't Hollanske bigryp gehoorzaam. Det is to sizzen: for greate minsken net. For bern al sahwet, mar döchs ek mar heal. As in Fryske mem hjar bern nei skoalle stjürt, scil se net sizze, lyk as in Hollanske: „Goed gehoorzaam zijn, hoor je!" mar: „Net ündogensk en döfhüdich wêze, hear!" Det is den hast safolle as: as jimme 't mar net to slim yn 'e kant stelle, botte folie om sizzen jaen, hoeft net! Sa wirdt it fensels net bidoeld, det wit ik wol, mar 't negative leit der döchs mar tsjok op. Det docht üs frijdomsmin; dy komt yn üs sprake foar 't Ijacht, sünder det wy der seis erch yn ha.

It earste jier twa, det ik yn Hollan forkearde, en yn 'e kaserne in tige öfhinkelik bistean hie, hie 'k, lyk as alle Friezen, for in oan-

wenst, om, as my dit ef det oplein waerd, to anderjen: „Goed

luitenant," ef „majoor," ef ho't ik myn baes for det pas to neamen hie. Forskate kearen hie 'k al mirken, det dit de ljue min noaske; inkeld krige ik wolris to halden: ,,'t Moet je maar goed zijn!" Mar bigripe hwet der oan hapere die 'k net, ont in luitenant, in bidaerde, evenredige man, der my ris oer geweken naem. „Hoor eens," sei er goedmienend, „wat bedoel je toch met dat eeuwige goed luitenant? Het staat toch niet aan jou om, voor je doet wat ik zeg, te beoordeelen of 't goed is of verkeerd!"

Ja, ho kaem ik der by? Ik praktesearre der ris oer nei, en do't ik de luitenant trochdie, det wy 't by üs yn Fryslan allegearre seine,

Sluiten