Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

mar det ik it my ófwenne scoe, wier de man der mei formoedsoend.

Hwerom üs-Friezen dit andert foarenoan yn 'e müle leit, — de Hollanner seit: jawel, as him hwet fen syn baes hjitten wirdt, al fljucht er troch de bank sa hird net as in Fries, — ha 'k earst folie letter foar't forstan krige It is in oanstjerte fen üs foarfears, dy't it rjucht oan hjarren holden, om in ding det hjarren hjitten waerd, to hifkjen foar't se 't ütfierden. As 't hjar nèt goed wier, diene se 't fensels ek net. En yn üs müle is 't ek yet net altyd oars neat as in oerirven

oanwenst, ha 'k my wolris forbyld. ^

Fen 't wird minhear (myn hear,) ha de Friezen en it Frysk yn 't foarige ek net witten. Det is der yn 'e léste tiden ynglüpt, mei oar gedoente üt it Hollansk. De alde frije Friezen hiene oars gjin hearen as lanhearen. Dy't gjin lan hie, wier ek gjin hear. Hwent hear bitsjut safolle as eigener, en eigeners fen minsken ha hjir yn Fryslan nea net libbe, — net libje kinnen dos.

De rounens fen it Fryske folksaerd scil men ek yn üs sprake weromfine, binammen yn üs sprekwirden.

„It is de Friezen jown, om mei in roune müle to sprekken, sei men aldtiids, en det is sa bleaun. Wy neame de dingen by de namme

en wine der gjin doekjes om.

Spitich, det mei dy rounens en trou ek de rouwens, it grouwélige, foartgong foun hat yn üs sprake. Men heart fen oars tige gnappe fatsoenlike ljue by de dei lans üteringen dy't üs tael skeine. Ditisek faken merkber by minsken, dy't gauris Hollansk prate. Sokken brüke den it Frysk om dingen to sizzen, dy't se der oars net üt stjitte doare.

Frjemd, moat men sizze!

Spitich is 't ek, det in hopen Fryske skriuwers fen earder en letter dy grouwéligens for echte folkshumor nomd, en sokke rouwe, grouwe üteringen mei sin yn hjar stikken brükt ha, om de lêzers oan 't laitsjen to krijen. De Halbertsma's hjar neilitten wirk is der net iens hielendal frij fen.

Sluiten