is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

VII.

Wy ha 't ek hawn oer 'e Friezen hjar nijsgierrigens.

Nou hawar! det de Friezen nijsgierrich binne, kin elk wol fornimme oan üs sprake!

Gjin ien tael hat sa'n great forskaet fen wirden dy't hjar brüke litte, om in fraech sa to dwaen det men net foar 't andert wei kin.

Hjir hat men in skepnetsje fol: wier? 'nt wier? tink 'k? oars? oars net? net? wol? nou? hwette? hwet s' jo oars? scoe 't? Scoe 't net? scoe 't wol? hen? woll' jy wol leauwe? hwet ried jy? döchs? soa né? soa net? ja? — Dêr komt den yet by in restje ütroppen dy't ta fierder fortellen needsaekje: eikom! eikom döchs! hearken! goaijen! goant! goant noch ta! o goede! myn goede ürytsjemoei! wel wel! nou nou! ei ei! soa soa! fij fij! jonge noch ta! tsjonge noch ta ! hwet jy sizze! ljeave sei! heden! heden Hidske! och is 't wier? det scill' jy wol flouwe!

As men sa üt 'e romme foarrie — gans greater as hjir boppejown wirdt, mar men kin alles net opneame, om't, de nuances rinne licht yn 'e hünderten, — nou, as men üt sa'n foarrie mar nitnme kin hwet yen oanstiet en bést past, wirdt it petear flot en seit it slachtoffer gau mear as er einliks loslitte woe.

Ik wol der ris in foarbyld fen jaen, ho't in echte Fries yen oan 'e praet — en oan 't praten halde kin, al is men ek noch sa steech.

„Jy binne in Akkrommer, wier?"

- „Ja."

„Akkrom is in kreas doarp, nou?"

— „Det skikt wol."

„Der wenje sa'n bulte slachters, oars net?"

— „Soa."

„Ja, det hat foar in toarntsje ris yn Hepkema stien.Net lézen, tink 'k ?"

- „Né »

„Nou, 't is sa. It slachtersfak dêr liket yet al hwet yn to sitten, hwette?"

„Ik wit net; in bin gjin slachter."