is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— „Soa net? Nou né, mar men moat it hast wol leauwe, oars scoene der sa'n bulte net wêze op ien sa'n doarp. Mar der giet ek in bulte nei buten üt, scoe 't net?"

— „Det scil 't wol."

„Det Coopersboarch is mar in moai gebou, hwet s' jo oars?"

— „Tige moai."

„Det scil ek in moai slompke jild koste ha, rekkenje 'k ?"

— „Ja, det scil 't wol."

„Mar dy Cooper hie se ek by de rüs; wol fjirtich miljoen, woll' jy wol leauwe?"

— „Ik ha 't noait neiteld."

„Soa net? Nou né, mar Amerika is dóchs mar in bést ian. — Scoe det spoar der ek komme fen Snits oer Akkrom nei Drachten, en sa fierder op nei Grins, hwet ried jy?"

— „Ik wit net."

„Det scoe in stik büter yn 'e brij wêze for jimme; den wirdt Akkrom in „spoorwegknoop", hen?"

— „Ja."

„Nou, se neame de Akkrommers den ek wolris fen eh

och, ho is 't ek hast wer?"

Tink ris ta! Den mient sa'n rotaesje-freger ek yet, det in Akkrommer det seis forklappe scil!

Nou komt de ienfaldigens. Dêr hoef ik net folie oer to sizzen, hwent üs sprake is hielendal ienfaldich, rjucht en sljucht. Eigentliken, as 't knypt, knypt en yetris knypt, ienfaldiger as wysels.

Men scil wolris heard ha, det it biskaefd Nederlansk fen elkenien lang net gelyk spritsen wirdt. For safier de tongslach fen in minske syn eigen dyalekt hjir de oarsaek fen is, is soks neat gjin bisünderheit. Mar de iene syn ütspraek is ek folie foarnamer, skitel-deftiger, as de oare sines. En dit docht net allinne bliken oan 'e hannelsreisgers-,,Schwung" dêr't in hopen mei prate, mar ek oan 't ütsprekken fen in poarsje wirden.