Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

VIII.

Einlings en to'n lésten binne wy nou oan 'e Friezen hjar humoristysk aerd takomd, det ütwei siikket en fynt yn hjar tael.

By de Friezen is de sin for soune, frisse humor great. Alderearst en ek aldermeast docht det bliken oan 'e heap sprekwirden en sizwizen dy't üs foaralden üs neilitten ha. En fierders oan it greate poarsje koartswilige nammen dy't de lanfriezen for folie soarten minsken, dingen en saken ha, en dêr't se de spiker fakentiids moai krekt mei op 'e kop slane.

Tink earst mar ris oan 'e type-nammen dy't wy oan üs meikostgongers op 'e wrald jowe, neffens hjar aerd en oansjên. Wy ha in Ultsjefortiet, in sjit-yn.-t-sQ.pen, in Pytsje-de-foarste, in Jan Hin, in mantsje-presiis, in waermmielrinder, in goeden Jobbe, in ald ielshud, in sokses (yn 'e tun), in rike skevel, in earmoedsaeijer, in bolderblast,

in süch, in fen Dokkum, (hwerom krekt fen Dokkum ?), in omkoal,

in Benjamyntsje, in himmelinkje, in siden himdke, in smoarge baerch, in Drint, (yn syn bitsjutting net sa plesierich for üs eastlike bürljue!) in bysfeint, in heiderobyntsje, in sangerpöt, in iviethals.

For de frouljue mei ek wol in aparte list opmakke wirde. Men

kin mar oan 't opneamen gean: in thétante, in kreeft, in fis kt

in baeifanger, in fljuch-om-e-hutte, in bekstik, in float, in rare Jakkeltsjemoei, in toffeltsjemoei, in rabbelskute, in ald bistel, in tutte ef Tutsjemoei, in libbene widdou, in ald fel, in ald fornim, in teapert, in tange, in houten hynsder, in pronkdiggel, in hip-en-trip, in skrepsk&tel, in toatebel, in skytfenyn, in sloofke, in dweil, in kribbe, in klitse, in

nést, in Ik hald mar op; de ein is der öfsnien sa 't liket, ik

sjuch him tominsten net.

Nim nou fierders it iten det wy by de dei lans krije. Stive moalkost hjit lang altyd gjin pótstrou, rierom, tsjükstrou, ef pankoek — op hjarsels ek al teikeneftige nammen! — né, wy prate folie fen gleone Janke, skroeid moal, loaiwivekost, ströteknap, Jan yn 'e püde. Oan 'e brijpanne heart men fen slinger om 'e snüt en slanterepap. In pantsjefol kofje hjit in bakje froas*;sükelarjemölke is kofje fen 'e nije beane.

Sluiten