is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Folkshumor sit der ek in bulte yn sok soartefen forgelykjende wirden, as hjir inkelde folgje: in drinsfet, (det is in ald skip, det tige lekt), rattelmansreau, (det de rattelwacht it mei forroaske piken öflei, is bikend), in klunhakke, in preamkeskouwer, in waldreis, turfmotticht. It Frysk is der sa fol fen, det it is min wirk om in kar to dwaen.

♦ *

*

Do't ik in jonge wier, droech men yn 't boerelan yet sa gjin oerjassen; det liet men oan 'e stêdljue oer. Sadwaende wisten wy jonges altyd wol, det der in hear üt 'e stêd op kommende wei wier, as ien fen uzen sei: „sjuch, dêr komt in langejasman oan!"

Baes Lut, üt 'e Gaestmar, frege ris in ferversfeint yn 'e krante: „een halfwas of aankomende knecht, die ten deele zijn vak verstaat." Dêr kaem ek in Snitser jonge op los, en dy waerd spekkeaper. Mülk wol, om't baes Lut seis ek in stedtsjer wier, mar det wit ik ek net. Dy feint hat lang by baes wenne, en op 't lést kaem er wol treddelspan ünder ta syn drillen broek üt, sa groeide er yn 'e lingte, mar de Gaestmarders hiene hjarren do ienkear oanwend om him, neffens it adfertinsje, „Baes Lut syn halfwas" to neamen, en halfwas (sprek üt holwos), is er bleaun. Sa waerd er ek oanspritsen. As de hear Halfwas moarns mei pot en kwastgerei nei 't karwei gyng, seine de skoalbern dy't him tsjinkamen: „Moarn, Halfwas!" — „Mor'n kynders!" sei er den sêftmoedich werom. Lilk wirde, det kaem net iens by him op.

Den wier er fêst ek sa goed as böle, tinkt men faeks?

Ei né! de bern hoefden him mar „Snitser klokkedief" toskelden, den rölle er syn grounfervige füsten al op. Mar 't halfwas-wêzen dêr wier er yn bihirde; hy wier 't net oars wend, hwent de greate minsken neamden him ek sa.

* *

*

Hokkerjiers moast ik ris in nacht oerbliuwe yn ien fen üs Fryske stedtsjes, it kin nou neat skille hoffer. Ik sliepte by güds fen myn kinde, in pear tige ienfaldige alde minsken, dy't sikerwier mei sin nimmen to nei sprekke scoene, hy mocht er den net by wêze ef al.