is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Dizze, en yet in mennich oare stealtjes fen folkshumor dy't folgje scille, dêr scoe 'k man en peard by opneame kinne. Woe 'k geartymje hwet oare skriuwers fen soks al oan 'e wudze swile ha, den kaem der gjin ein oan.

Men heart de Friezen faken üt 'e sleur wei dingen sizze dêr't in oar om laitsje scoe en dy't ek grif fen in bizich komöf binne, mar al lang ta gewoane omgongstael forgroeid.

„Scil ik dy pankoek mar straffe, mem?" hearde ik fen in jongfeint dy't mei de honger yn 'e hals thüskaem, en net wachtsje koe ont syn mem it bakken dien hie. Underwilens bied er de pankoek dy't op tafel stie, ek al nadere. Det er 't üt aerdichheit sa sei, leau ik net.

Op 'e selde droege wize hear ik wolris topas bringen de alde sizwizen: ,,'t Haldt op fen sunich reinen," as 't hirder bigjint, en „As 't sa dauwet, hoeft it net to reinen," as 't reint det it east.

De humor sit yn üs folksaerd biwoartele, en sadwaende ek yn üs folkstael bimongen, as sjerp yn 'e brij. Dit byld is nou jüst net ien fen 't boppeste boerdtsje, mar ik wit sa gau gjin better, en 't jowt oan 'e oare kant ek wol gefallichheit. Like min as det me de sjerp wer üt 'e brij krije kin, kin in sljuchtwei Fries, al wol er him ek noch sa earnstich uterje, syn wirden sa kieze, det syn praet de minsken dy't fierdernöch fen him öfsteane yn aerd en tael, net min efte mear humoristyk taharket.

As yn „Yn 't stasyon to Wilsterhuzen", in foardracht fen master Wielsma, dy pikelhearring-keapman seit: „Wy kwammen te Dokkum, kan 'k je segge, en wat wil 't gefal? Doe waer ons muike al doad! Wat sneu, hè?" wirdt der foaral om dy léste ütfal danich lake. Dy is der den ek nei. Mar minsken mei in slokje to folie op binne it net allinne, dêr't men soks fen heart. Wol men wol leauwe, det ienfaldige lütsjes ünder 't forhael wei gau ris sokke humoristyske, ja for 't ünbiwende ear cynyske dingen sizze, al ha se alhiel gjin laitsjen yn 't sin, en wirdt hjarren it moed underwilens fol?

Hwa't yn 'e gelegenheit west hat om de Friezen yn hjar omgong