is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

finder inoarren fingemirken to biharkjen, scil der neat gjin niget oan ha, det der safolle humor yn hjar sprake bigroeid sit. Friezen binne ornaris tige op 't wird biret, en meije in ding graech mei de gek bislaen- Hark mar ris as der hjir ef dêr in gearset is, in brilloft bygelyks. As keatseballen oer 't park, sa fleane de grappen en gritsen oer 'e tafel.... ef der ündertroch; hwent inoarren in bytsje narje en hunje heart der ek by. Elkoar bokkens mei salt jaen, neamt men det wol, en dy't ien kriget, jowt Ijeafst twa werom. Mar bargebiten wirdt it dêrom net sa gau; hwa't keatse wol moat ommers de bal forwachtsje, en dy't lilk wirdt hat de slach forlern; dy wirdt nammers to mear yn 'e maling nomd. Liikwirden is lyts.... en dy't immen hwet kwea öfnimt, is in dief, seit it sprekwird.

Men kin 't jamk wol ha, den meitsje der twa inoarren ut, krekt as binne se beide gjin turf heech, en det it döchs mar gekheit is, mar hwa't it net wend is, scoe sizze: hja binne fjürslachs deilis.

Dit fynt men foaral ünder 'e skipperij, mien ik wol ris opmirken to habben. Dêrom net, ünder boerefolk is men 't ek wol wend om elkoarren rükers to jaen, yn grappen bibakt. Sa hat der ris in fékwanselder west, dy wier yn 'e hannel sa ündogensk as er, sünder yn rjuchts hannen to forfallen, mei skik wêze koe. Sims mienden de ljue dy't er bidragen hie wolris, det se fet op him hiene, en brochten him oan. Nou, in fünnis for oplichterij hat Hylke Keallefel, sa wier syn skelnamme, ek faken tige nei stien, mar hieltyd wist de ald biis der wer oan to üntkommen. Hy wier sa glêd as in iel.

Dyselde Hylke Keallefel wier ris yn 'e lytse loege. Do siet er fol stienswolmen. „Och bürman, hwet is 't in spil," sa klage er syn leed. „Ik bin raer oanklaud: ik kin net sitte en net lizze, net gean en net stean "

„Nou Hylke," sei bürman, det in müske wier, „den scil 't nou njunkelytsen döchs wol oan 't hingjen ta komme moatte, scoe't net?"

IX.

Mei ütspraek en bitsjutting fen frjemde wirden wirdt sims nuver omsprongen yn 't Frysk, sa nuver, det men ken se hast net mear.