Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Der stie yn 'e krante, det yn 't Oranjewald scoene der „Hippische feesten" halden wirde, — der scoe hirddraven wêze dos. In boeresoan lies dit by hjarres yn 'e hüs foar, wyls't men meiïnoar siet to breaiten. Hy seach wol bare skoan hwet der stie, en wist ek wol hwet it bitsjutte, mar koe 't net litte om „Hippische beesten" to lézen, ynpleats fen „Hippische /eesten."

„Hea," sei de fêste arbeider, in ienfaldich man, „scille der hippense beesten to sjên wêze yn 't Wald? Hwet for fé is det?"

— „Ho ha 'k it nou mei jo, Sjirk? witte jy net ienris hwet „Hippische beesten" binne?" frege de foarlêzer, sunder det er syntroanje forloek.

„O," sei de arbeider, „den scil it faeks sa'n sa'n soarte fen

floaijen-tryater wêze?"

Om de man yn det gelove to bringen, dêr wier 't dy boeresoan fensels krekt om to dwaen, ef tominsten, hy hie 't der mei syn forkeard foarlêzen op oanlein, det men oan flieën tinke scoe by't frjemde wird, troch de gelikense klank, dy't „hippisch" en „hippen" ('t springen fen dy bistkes) ha. En 't hie bést biteare kinnen, det troch dizze grap det bloedlongerich rêdding der in nije namme by krige hie.

Do't ik for in diel jierren for 't earst ris to Grou kaem, hearde ik dêr it jongfolk elkoar faken by wize fen toast tawinskjen: „Sa'n kofje!" — „Sa'n mölke!" — „Sa'n bier!" —„Sa'n bittertsje!" —„Sa'n

bóltsje!" hawar, it sa'nke mar altyd oan en wei, sa faek as

der binne-foerring op 'e tafel kaem. Mar hwet der einlings efter det gesa'nk stike, fette ik earst, do 'k ris ien dy't in bakje thé opdrinke scoe, mei 't kopke yn 'e hichte de winsk ütsprekken hearde : „Sa'n thé!'*

De hiele grap wier oars neat as in bonmot op 'e klank fen 'e drinkwinsk santé, en neitiid ha 'k my oer 't üntstean it folgjende fortelle litten.

In Fryske boer wier by syn lanhearre to iten. Nei iten dronk men fensels thé en by 't earste bakje brocht lanhearre, dy't folie fen in goed glês wyn hold en hwa't de drinkspreuk sadwaende foarenoan yn 'e müle laei, it de boer ta mei de wirden: „Santé, Joustra!" Joustra

Sluiten