is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Yn in beam wier de tonger slein. Hy wier hielendal spjalt; de splinters laeijen oer 'e dyk. Sadwaende wier 't mei in heal each ek al wer sa'n humoristysk byld! — wol to sjên det it libben der üt wier. Ien fen 'e ljue dy't der by stiene to sjên, sei skodholjend: „Nou nou! dy hat in aerdich knoeike hawn!"

Gjinien lake.

Foar't ik öfbreidzje, yette in mennich lytse stealtsjes fen folks-

humor, by wize fen takrüd.

Immen waerd biskrobbe, om't er langer wirk hie mei in ding, as nedich wier. „Och, ik ha de tiid by my," sei er, en wyls liet er syn horloasje sjên. Det wier by de faem öf, dy't, do't it bigoan to reinen, de ütfal die: „Dêr ha wy 't al; hwet hat minhear ek hiderkear op det ding om to klopjen.» „Det ding" wier 't waerglês det yn 'e gong hinge. — It ünderskie is lykwol, det by dy faem wier't tinken. Hja miende siker, det it waer him nei 't waerglês skikte. Mar de man dêr 'k fen spriek wist wol det de tiid syn gong giet, al set men 't horloasje hwet tobek. Hy sei 't der mar om, en syn grapke wier

net ien fen 't minste soarte, tinkt my.

Hylke foei hwet ünbihelperich en stie al folie in oar yn 'e wei. „Al scil er de piip mar oanstekke, den giet er noch stean op inplak, dêr't er it hiele wereldferkear strjemt," sei immen dy't oer dy eigenskip klage.

„Ho let is 't?" waerd immen frege. „Ik wit 'nt; myn horloasje giet mar twaris yn 't etmiel lyk!" wier 't andert. It stie, woed er dêrmei to kennen jaen. Men scil faeks efkes neiprakkesearje moatte, foar't men 't fettet, mar dêr is 't net minder om.

„Hja sjongt sa heech, det men sjucht der suver fen nei boppen," hearde ik ris sizzen. Sa ek fen immen dy't tige heech sjonge koe: „As er goed los is, giet er der op 'e teannen by stean." To Grou ha 'k, do't nei in felle droechte de loft opkaem, ris heard: „Lit mar reine; de boeren binne op 't heden allegearre like toarstich.

Dit binne wer fen dy uteringen dy't yn hast gjin ien petear ünt-