is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

den moatten hie. It dichterlike yn üs sprake leit my sa heech, en giet ek sa djip, det ik it net mei de oare eigenskippen yn ien sikeneame kin, ho nei it der oars ek oan bisibbe wêze mei. It hinget nammentlik gear mei üs tael syn klanken, en syn wird- en sinbou; wy scoene bygelyks by 't bigjin neigean moatte, hoffer ynfloed üs wide wetters mei hjar weachgebrüs, üs leechlan dêr't de wyn frij en ünbihindere oer hinne waeit, üs walden der't it blêd nea yn swijt, op hjar foarming hawn ha.

Det scoe in dreech stik wirk wirde.

't Hearenfean, 1903.