is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Post wier üt syn aerd in tige goede, tofredene Piter, en syn lyfsankje wier:

Hwet bistou Ijeaflik,

Rizende simmermoarn;

't Opgeande sintsje Laket my oan .... ensfh.

Det krige men winters ek like goed fen him to hearren as simmers, al laei de snie ek in foet heech, en frear it hynste-iis. It wier boppe alle methode forheven, sa 't like.

En sadwaende kaem Piter ek alle dagen weroan floitsjende-wei to Wikebürren, det in ure geans fen Bjirkum óf leit. Dêr brocht er de brieven ek roun. En alle dagen weroan trape er floitsjendewei de Wikebürster pündyk wer üt, wakkere tofreden mei himsels en alle minsken.

Allinne op nijjiersdei den hold er him stil. Den wier er hwet... nou ja, hwet nijjierspostich, en koe 't net rjucht fen 'e jonges op, as se seine fen „Folie lok en segen yn 't nije jier, Pikeman!" In postrinder dy't op 'e earste dei fen 't jier in goed sin hat, sa'n ien moat der yet to wrald komme. Der is ek gjin minder, as it rounbringen fen in rêst dea-berne lokwinsken. Ik scil net sizze, der scil ünder al dy nijjierskaertsjes ek wol ris in libben herteberntsje rinne, mar fierwei it greatste part kin de kosten fen pompier, inket en segel net hoedzje, det bin 'k iens mei Piter Pikema en syn mei-slachtoffers fen in malle moadejacht.

In ding dêr't üs lytse post ek net folie nocht oan hie, wier 't narjen det de minsken him diene mei syn aldfeint-wêzen. In reis twatrije hied er gans writen dien om oan in wiif to kommen, mar 't woe him nea net slagje. Nou wier er al in ein yn 'e tritich. Hy bigoan sa wiis to wirden det syn tij forroan wier en sette him nei allinne-bliuwen. Sünder hertsear gyng det nou net alhiel. Kaem 't him üt en troch ris yn 't sin det in man sünder sydsilver aerdet nei de Woarkommer toer, dêr't men al fen fierren oan sjucht, det er de tsjerke mist, den sloech er yngrimmitich mei syn stök yn 'e grintstiennen fen 'e ryddyk om, en floite twisken 'e tosken troch;