is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Hwet is in feint fen fjirtich jier In sukkelder yn 'e wrald....

Net heal to 'n ein, en for plesier By 't jongfolk fiersto ald.

Nei de frouljue gyng er lykwol net mear. Dêr hied er genöch óflear fen. Hy seach der net iens mear nei om, al trapen se him hast op 'e teannen. Op dy ikker dijde syn koarn net, det wist er ommers.

Mar nin minske üntkomt it lot det de takomst him tomiette stjürt as in lieu op syn paed. Piter sines wier, det er yetris in öflear ha scoe. En it hie him to pakken foar't er 't him goed ergere.

II.

Foarenoan yn Wikebürren wenne Hylke timmerman. As Piter dêr brieven en kranten en sa for hie, — en det wier hast alle dagen, hwent baes hie frijhwet in affearen, en in bulte briefkerij, — den joech er se oan yn 'e timmerskürre; dy stie nést it wenhüs en dêr wier altyd folk om alve üre hinne, as Pikeman kaem, det miste net. Troch 'e syddoar fen 't hüs, dy't yn 'e skürre ütkaem, krige er den syn bakje kofje fen Baeije, de ald faem dy't al lange jierren by baes-en-dys wenne.

Hylke' Beitske, yn 't foarige baes syn hüsfrousfaem, letter syn wiif fensels, — fensels siz ik om't ik se Hylke' Beitske neamd ha, net om't ik leau det alle widners hjar ein fine yn en oan 't ljeafhabbend herte fen hjar hüsfrousfaem, — nou, Hylke' Beitske den hie Piter, do't se baes-mei waerd, alris sahwet to bigripen jown, det er de brieven nou ek wol foare oan hüs oerlangje koe. Baeije hie det ek al sa ljeaf. Dy kaem ljeaver net as al yn 'e timmerskürre; hja wier njunkelytsen to ald wirden om bihagen to finen yn 'e feinten hjar smelle praetsjes. Mar Piter wier hwet staf oan 't ear dêr't er net mei hearre woe. Hy tocht: lit se mar eamelje, hja sizze hwet en ik tink hwet. Hwent sjuch, fen baes, dy't troch 'en tiid ek yn 'e skürre wier, krige er stiiffêst in foantsje, as er in postwiksel ef in