is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

oanteikene brief brocht, — mar de frou scoe him by sokke gelegenheden wol mei neat öfsaltsje, hied er yn 'e rekken. Frouljue binne sa, en Beitske gyng dóchs boppedien for hwette deun.

't Wier in dei-twa-trije nei Maeije. Pikema hie in pear kranten oanbrocht yn 'e skürre. Krekt „scoed er mar wer ris fierder sjên," moai fortrietlik om't Baeije him forgeat sa 't like, „jister ek al, prottele er yn himsels. — do waerd de doar iependien, en....

— „Blllikslagger!" Piter sei 't net lüd, mar der siet oars krêft genóch efter.

Ynpleats fen alde Baeije, stie der in kreas jongfaem op 'e drompel.

„Hjir wier jou kofje, post! De frou sei...."

— „Blllikslagger!"

Dêr wier Pikema mis mei. Mar hy wier ek sa forheard! Hy krige it kopke-en-pantsje oan, en dronk earst alris, foar't it „Jonge ja", det sa syn bitankje wier, der üt kaem.

Hearken, hearken, — hwet in tsjep fanke! En hwet glimke se

aerdich as se praette!

„Ja, de frou hat al sein, do 'k hjir earjister kaem, det jy wierne wend om in bakje kofje to krijen, as jy hjir hwet brochten. En nou ha jy jister al foarby west, hearde ik. Det moeit my tige. Mar ik wier yn 'e forbylding, det jy oan 'e foardoar kamen, det sadwaende sjuch! It is ek al hwet üngeryflik, det jy 't spil yn 'e timmerwinkel bringe; men wit der suver neat fen, honear eft jy hjir krekt binne. Det seit de.frou ek. Mar sa 'k sei, it moeit my, det jy der jister by

troch rekke binne!"

— „Einou," andere de post, „it scoe ek al hwet wêze, om ris in kear foarby fen kofje!" Det er mei dy wirden jowster en jefte hwet leech lei, dêr hied er sa gau gjin erch yn. Hy miende it altyd goed, mar 't sizzen naem er him faken sa lyk net. Op dit stuit döchs net, hwent hy wier der ek mar gans hwet of. Alde Baeije en de nijfaem, det wier nacht en dei. En nacht en dei wierne him döchs yet net allike folie. Hy hie yet mear frouljuesflêsk oan him, as er seis wol wist.

Dy deis floite er in hiel toarn oars neat as „Jelle Nijboer," sei ytlike kearen fen „Bllikslagger!" en glimke altomets sa nuvere blier,