Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

det de minsken dy't him op 'e dyk tsjinkamen, tochten net oars, as hy hie irven.

Ont it de siel yn 't sin kaem, det er yn 't stik fen frijerij de handigens miste om de line goed om 'e reak to skearen. Do moasten de grintstiennen it wer üntjilde det in aldfeint fen fjirtich jier sa'n sukkelder is yn 'e wrald.

Hy kaem fortrietlik yn syn kosthüs oan. Hy wier fortrietlik ünder iten, die dy neimiddeis fortrietlik syn fierdere wirksumheden en gyng de jouns fortrietlik op bêd. Fen sliepen kaem earst ek net, en do't er einlings yn in dodde foei, wynde er sa raer yn 't bêd om, det syn kostwiif der fen to wekker waerd en tsjin hjar man sei „det der koe wol hwet wêze mei in brief."

Det hie se net alhiel mis. Pikema hie hwet mei in brief. Hy dreamde det er in greaten-ien, mei trije postsegels der op, by Hylkebaes oanbringe moast. Hy wier op'e dyk, in stikhinne oan Wikebürren ta. Do krige er 't brief üt syn task en seach ris nei 't adres en nei

dy trije segels Hea, ho kaem him nou de keninginne hjar portret

sa bikend foar? Hy hie se doch fen syn libben net mei bikende eagen

sjoen ja döchs: jister.... skaefspoennen.... gjin kofje....

alde Baeije de syddoar .... in postsegel der op, sa great as in

minske de keninginne de nijfaem Hylkebaes fen siden,

mei in foantsje yn 'e han.... Né, foart, hy wol de eagen der net iens nei draeije, it postsegel yn 'e doar is folie moaijer... De keninginne glimket en jowt him syn bakje kofje oer; hja seit mei in ingelelüd det er neitiid oan 'e foardoar komme moat, den kriget er

Bllllikslagger alles foart ..., sa mar yn ienen.

.... Nou is er wer op 'e dyk.... In greate grintstien yn 'e

fierte en dy wirdt al greater en greater Nou is 't in jonge,

dy ropt fen „Pikeman" en sjongt „Hwet is in feint," en hy wirdt

hieltyd yet greater Nou is 't de Woarkommer toer, dy wol boppe

op him falie Hy wol der ütnaeije, mar syn foetten sitte yn 't gêrs

fortiisd....

Né, yn't boppelekken, fornimt er, nou't er to wekker wirdt, krekt as de toer him topletteret.

Sluiten