Omstikken en sydstikken
wol oansjên, en nou doarst e, oet. W,or t„e.sto.™sk? t WterdW,
mar i„ sliuchtwei fanke 1 „Hjir wier m postw.ksel. Der moat
baes efkes op teikenje, witts'jy, den kin ik moarn it jild me.n.mme
fen 't kantoar. Ik scil mar efkes wachtsje."
Goed hear. Ei ja, jy kinne ommers ek wol efkes yn e koken
komme, en drink jou bakje kofje Ünderwilens op."
Pikema wier wei. Tsjien siken letter foun erhimselsfor tgreatste nart werom, yn 'e koken, mei 't gat op in omkearde tobbe, de br.evetask nést him op 'e reinwettersbak, in pantsjefol kofje yn 'e hannen.
Mar syn herte bleau to-siik.
De faem kaem ridlik gau werom mei 'tpostwiksel. Hastaltogau,
tocht de post; hy wier krekt oan 't oerlizzen, hwet er nou e.nl.ks
tsjin hjar sizze scoe, om goed yn 'e graesje to kommen, en yet mar
heal ré mei syn oanfalsplan, dér stie se al wer foar h.m, en glimke him
sa nuvere blier oan, det hy wier foartynienen wer gled yn 'e war,
krekt as nyskes by de doar. Hy wier al net sa tige mulryp, mar it
iennichste wird det der nou ütkaem, roaide nearne nei for in jong-
keardel, dy't in jongfaem op 'e lije side oankomme wol.
Kom!" sei er.
'Ünderwilens taestte er nei syn task en gyng oerein. Hy forwinske himsels, det er oars neat to sizzen wist, mar de wirden bleauwen h.m
vn 'e kiel stykjen, sa wier 't mar. .
Nou, jy moatte ek mar gau ris in brief for my bringe, hear. sei de faem. Hja woe yet wol efkes prate sa 't like. Det wier m utkomst for Pikema. Hy krige groun ünder 'e foetten en weage it om mear as ien wird tagelyk yn 'e selde sike to sizzen.
_ Soa, den binne jy hjir net fen Wikebürren?" ornearre er. Né ik bin fen Lünjegea, op 'e klaei. Dér wennet myn mem yet." '1 „Det is hjir in hiel ein óf; den binne jy ek mar fier fen hus to tsjinjen gien, en det sa allinne."
„la, sa giet it."
- „En ha jy neat nin kinde hjir-by-om?" Pikema waerd dryst
yn 't freegjen.
„Né, ik bin hjir pürfrjemd."