Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

— „Nou nou, den scil 't jo ek wolris forféle!

„Och, ik bin hjir krekt, nou? En 't is üngelyk ho't it yen yn t

bigjin oanfalt yn in nij plak, fensels.'

Ja sa wier 't al, sei Pikema. Wikebürren wier hwet lyts enhwet stil, mar de ljue wieme der oars wol tige bést. Hja scoe hjir wol gau thüs wêze. En baes-en-dy wierne goede minsken, det skilde ek gans. _ Soa, den wier hjar mem widdou? Eikom! En hie se yet broerren en sisters? len broer? Op 't büterfabryk? Ta masjmist learde er. In goed baentsje. Ei-ja, postrinder, den hiene men ek in fest stik jild wyks; det is 't moaiste mar, witts'jy! Masjinist hied er oars ek wol w.rde wollen. Mar do't hy 't oan syn kar hie hwet er wirde woe, wieme

der yet sa gjin büterfabriken, nou? Né

Minsken dy't hjar earst net goed fen 'e wal jaen doarre, witte ornaris ek net ho't se it gat wer bisile scille. Meastent.ids stran,e se nést it beaken. Pikema seach, nou't de tonge him losteid wier, gjin kans om in wird to finen, det mei skik tsjinje koe for t leste. In twad „Kom!" hie him sa ünder 't peiear we. ta de koken ut yn e gong holpen, en oan 'e ütdoar ta. Mar ho nou fierder? Hy f.e de wol det er dér, alhielendal tsjin syn w.zansje yn, gjin kertier stean bliuwe koe to praten. Dêrom naem er in m.ddeltsje to baet detfoHe brükt wirdt om yen oan in petear to untw.nen: hy roan stadichwei efterüt, üt en troch in pear stappen.

Hou !"

't Hie krekt sa lang dürre, det er mei de rêch tsjin in beam nést it paed oanroan, en de klep fen syn pet op 'e noas krige.

— la dér stiet in beam!" sei de faem. En do wakker laitsje, fensels,'en' Pikema yet helte forlegener as er al wier, om't er dér sa'n rare marse sloech. Mar üt syn Üngelokje kaem dochs ek hwet goeds foart. Do't er de pet wer rjucht op 'e holle hie, die Ymkje mei 1

frjeonlik goêmoarn de doar ta. De siel koe gean.

Syn gongelstök hied er yn 'e koken forgetten, mar hy wier op 'e weromreis nei Bjirkum, foar't er dy miste, sa roan er yn prakkesaesjes Hwet hie se frjeonlik tsjin him west! Scoe se tsjin eUcen.en saweze? Him tocht wol fen net. Hja scoe dochs Jan en Alleman dyt oan

Sluiten