Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

'e doar kaem, sa mar net yn 'e koken noadzje? Stom det er ek altyd sa bleu wier! In oar is den sa gebekst, mar hy wist noait syn wird to dwaen. En den sa houten tsjin dy beam oan to rinnen! Asdefeinten der mar neat fen mirken hiene, oars krige er der grif hwet oer to hearren as er wer ris yn 'e skürre kaem. Mar jonge, hy moast der him nou oars al op 'e tiid by jaen, en lit de fügels net oer 't net fleane. Hy koe ek yet bést in wiif ha, sa ald wier er net....

Hie 'k nin gelyk niis, det ik Paulus' wirden oanhelle? Pikema wier de moarns fen Bjirkum gien mei 't stiiffêste foarnimmen om him oan gjin frouljue to steuren, — en do't er in foech treddel-üre letter de bürren wer yn rinnen kaem, gyng er al mei himsels to rie, by hoffer skroar eft er syn troupak meitsje litte scoe.

IV.

Krekt as spriek it spil: do't de post de oare moarns de brieven fen 'e brievegaerder krige, wier er ien by „Aan Iernkje Orondsma, ten huize van den heer Hijlke de Groot te Wijkeburen." In manshan fen skriuwen, det seach Pikema wol, en 't mei frjemd lykje, mar nou kaem 't ek for 't earst by him op: scoe se faeks ek in feint ha, hjir ef dêr-earne? Det foei him as kald wetter op 'e lea.

Mar wacht: hja hie sein det hjar broer wier op 't büterfabryk to Wytgum; as nou 't poststimpel... ? Krekt, det wier ek Wytgum. Moai sa, den wier der neat to rédden. Det hied er ek wol tocht, makke er himsels nou wys.

Mei in ljurkesin teach er de dyk üt, op Wikebürren ta. Syn hiele repertoire waerd óffloite, en as 't léste deuntsje üt wier, bigoan er wer fen foaren oan.

Diskear slagge it him sa goed net om üngemirken de timmerskürre foarby to kommen. De feinten hiene him jister mist, — en nou de spoenjonge by de doar op skyldwacht set, en dy ynstitsen det as de post der oan kaem, en wer foarbygyng, den moast er roppe: „Pikema, jy geane in doar to fier!" Det woe Oerke wol oan. Pikema seach him fen fierren al stean en bigriep malle bést, hwa't der dea wier. Ho scoed er op 't ünnoazelst, krekt as hearde it sa,

Sluiten