is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

allinne wirden hat, om der Fryske dingen mei to bilsjutten. Det komt, om't it Frysk njunkelytsen utstjert en me mei 't Hollansk sa'n glüpend ein fierder komt....

Eikom, allegearre wipwap! Det komt, om't in hopen Friezen hjar eigen sprake net kenne, en troch 'en tiid ek net kenne wolle. Det

komt om't it Frysk buten en binnen 'e Fryske skied for in

ünbisnoeide tongslach trochgiet, en boersk neamd wirdt. Det komt, om't in oar yen ütmakket for Fryslan-boppe-ropper as men yens müle net fakernöch yn Hollansk bochten teart. Det komt fen ik wit net hofolle fiven en seizen mear, dy't neat om 'e hakken ha. Det komt, om't de Friezen oanhelle binne mei dy apegoarre dy't men yn 'e deiske omgong „moade" neamt.

Ik ha hjir myn lansljue folie mear forwiten as my moaj stiet. It is de wierheit, ha 'k letter wol ynsjoen, det in hopen Friezen einliks gjin wirden genöch fine kinne, as se yn 't Frysk prate scille oer 'e dingen dy 'k opneamde. Dogge se 't al, den wirdt it sa'n raer taeltsje, det pake en beppe keare hjar yn 'e

kiste om. En döchs is 't dy hjarren skild, det it der sa by stiet.

Dy ha hjar net to skoar set, do't kening IN OAR hjir kaem, en allinkenwei it Frysk as algemiene tael oan 'e kant skau. Nou sitte wy der mar mei. De wirden binne der yet wol, en üs tael is yet linigernöch om der hjar nei to jaen, as wy se for polityk en wittenskip brüke wolle, mar de üngewoante makket üs sa swiermülich as Aaron. En det scil net better wirde, ha 'k soarch, foar't üs bern gjin foldwaende ünderwys yn 't Frysk krije, en wy Friezen gjin eigen journalistyk.

Det myn ütfal fen 1899 oars yet jildt, sprekt fensels. It wier, — en is op 't lést de IN OAR-oanbidderij dy't de Friezen safier brocht hat, en nou fêsthaldt.

1907.

Jawis, der is like goed moade yn 'e tael as yn 'e klean en sa. Hjir yn Hollan is 't moade om Fransk ef Ingelsk to praten as men hwet mear lykje wol as in sljuchtwei minske. En hat men net langernöch to learen gien om dy frjemde talen goed to kennen, men moat döchs sa wiis wêze om üt en troch ris in frjemd wird yn yens praet to bimjuksjen. 't Is langer sa fier hinne, in oandrager kin net mear