is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

switte: as de kobben him op 'e foarholle steane, den „transpireert" er. Foar in jiermennich waerd in winkeljifferke yette forlegen, as men hjar hwet frijpostich oanspriek, mar as se der tsjinwirdich al oars as oars om wirdt, den hjit it „confuus", en men hat der neat nin eare fen.

Né hear, den de Ingelskman! John Buil is wol hwet roppich; ik priisgje it lang net yn him det er sa ünwiten tahaeit oan it Europeeske gastmiel, en nou wer üs Transfaelske sibben efter 'e boksen sit, — mar hy forspijt syn einmoarstael net. Oeral dêr't er in sint mei yn 't ponkje dwaen wol, det is sadwaende yn alle hoeken en hemen fen e wrald, dêr praet er syn eigen Ingelsk, en hy steurt der him alhielendal net oan, as in oar seit: it liket wol iten for 'e hinnepiken! En kriget er ütfenhüzers oer op syn eilan, den kinne dy mar bylje mei de hounen dêr't se mei yn 'e bosk binne. Hy scil der him net om forbrekke.

— De Friezen yn Hollan wolle ornaris mear lykje as se binne. Om allinne in Fries to wêzen, det is al hwet lyts, det is... ja, hwet scil 'k sizze, det is sa ünfetsoenlik! It is sa biskamsum, as in oar foartynienen ealget, det men mar in Fries is. Men moat der wol sa'n kromke by hollanderje, oars rint men der üt, en in oar hat de gek mei yen. En fen IN OAR is men bang, hwent IN OAR regearret de wrald, en seit ho 't scil. Fen in Hollanner is in frije Fries oars net binaud, mar as IN OAR him swart oansjucht, den krüpt er üt 'e wei en is sa dimmen as in lamke. By aids plichte det sa net to wêzen. Do seagen de Friezen net nei IN OAR om; hja lieten him stil jeuzelje. Ja, der hat in tiid west, det IN OAR it lang net op hjarren hie, en de wyk spile, as er mirk det de Friezen de holle nei him omdraeiden.

Nou scoene men tinke, det de Friezen, dy't fen alder ta alder yn hjar heitelan wenjen bleaun binne, nin lést ha fen 'e moadekwael, om't IN OAR dêr sa net komt. It moeit my det ik it sizze moat, — mar dy't soks mient, taest der glêd by troch.

Dy selde kening IN OAR, dêr't de Friezen om utens üt fréze for bügje, wirdt fen üs sibben oan 'e Noarderiggen fen 'e Südersé yn 'e hüs r'oppen, en as hjar béste frjeon let en set om't er... hawar! ik doar 't hast net fortelle... om't er IN OAR hjit! „Dy't det netfetsje