Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

kin, is nin ütskaeide Fries!" Oan distiid ta is 't yet hwet slim, om for det ütskaeide wer oprjuchte yn 't plak to setten, mar it scil net malle lang mear oanhalde, den is de IN OAR-oanbidderij it merk wer fen in oprjuchte Fries, for sa fier as men dy twa moaije wirden der net mei skeint. Wy hjir yn 'e frjemdte binne tominsten yet bang fen IN OAR, en dogge en sizze wy dêrom net hwet wy sizze en dwaen moasten, — det kin betterje, as wy de moedfearren mar optille en IN OAR lyk yn 'e eagen sjugge. Mar yn Fryslan seis dêr krüpe se him hast yn 'e büse. Dêr binne se sljucht fen blidens as er hjarren om hjar ünfryskens mei de hunichkwast streaket; dêr binne se ünwennich, as er in deimennich by de burljue ütfenhuzet; dêr rinne se IN OAR alle stappen efter 't gat; dêr klaeije se hjar, dêr ite en drinke, der süpe en swetse, dêr tsjiere en fjuchtsje, en binammen: dêr prate se sa goed as 't kin, as IN OAR. Dêr frijt njunkenlytsen de faem om

'e feint, — lyk by IN OAR.

Dêr geane de boeren alle klapsketen nei stêd en komme heal yn 'e sus thus; dêr geane de boerinnen mei de foetten op in waerme stove en de hannen oerinoar yn 'e skerte sitten en litte de boaden for 't wirk kedize - lyk as by IN OAR. Dêr rinne de boeredochters mei 't los hier, en sitte op 'e pyano om to jammerjen, en dêr leare de boeresoannen for hear, - lyk as 't brükme is by IN OAR. Dêr joukje de alden de jongen, en de jongen elkoar, en dêr douket me langer allinne yens fijannen, — krekt as IN OAR. Der binne ek nin heiten noch memmen mear, né, dêr krije de bern fen fader op 'e hud, en fen mem in stik koeke, - krektlyk as by IN OAR. Dêr binne se stadichoan like üngeloksaeijerich, like lammenadich en like Janhin-eftich wirden as by IN OAR. Dêr wrotte se hjar seis linkenoan nei de bidelte - lyk as IN OAR. Dêr ha se mei gauwens safolle fen IN OAR, det men scoene se for 'e man-seis halde.

Friezen! binne jimme wé wirden fen det gesanger oer IN OAR? Ik hoopje 't; dêr wier 't my om to rédden. Mei koarten wer in nij drankje. For diskear: soundheit!

Haerlem, 1899.

Sluiten