Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

II.

By domenys op audjinsje.

In kwael dy't oanhinget. — Hollansk fen 'tboppeste boerdtsje.

— In skoalmaster sa't der wol hwet mear wêze mochten. - Do't domeny yet nin domeny wier. — Ho't Hoaitseboers Pytsjeta domenysjiffrou learde. — De skriuwer seit det er wol alder wirden is, mar net wizer: ien fen 'tlytsbytsje ünderdielen fen dizze wiere st'oarje, dy't krekt, op 'e kop óf, wier binne. - Nei de pastorye-

— In foarstelling dy't de lêzer him ris goed foarstelle moat. — Jiffer Sjoukje. — Domeny oan 't opfieden. — „Het libben is als een schaduw!" — Domeny wirdt fen 'e Oaestmarders hifke en to licht bifoun, om't syn alde Adam efkes boppe de preekstoel ütkypjen komt, en de skriuwer hat meilijen mei de weachmasters.

Der is tsjinwirdich rjue siik en sjuchtich folk yn üs Fryske kriten.

Ik bidoel de taelmoade-lijers.

Us domenys, üs rjuchters en abbekaten, üs dokters, en, och hearink noch ta, dêr 'k sa 'n sündich wird om siz! it greatste part fen üsskoalmasters dy kruse al lange jierren om mei dy kwael. En omH it oanhinget krije üs trouwe tsjerkgongers, üs pleitsjende boeren, üs ünder mastershannen weitsjirmjende boerinnen en üs skoalbern der njunkelytsen ek mar frijhwet lést fen. Binammen om dy léste stumperts moat it yen ta de teannen üt oangrize. As in beukerke fen acht njuggen jier him ris forsint, en master ynpleats fen meester seit, den is 't tüzen om trettsjen det meester him ta graut: „Süst' nou haest 'is Hollaans leare, kyn'? Ast' nou noch 'is wear master seiste, dan süst' in uer nablive, hoar! daer kanst' dy na sette! Ja, — en nou hoefst' niet te lipen, want ik hew dy niks misdaen!" — Meester is den stiiffêst yn 'e forbylding, det er yn goed Hollansk oan 't füterjen west hat, en syn earme discipel bigjint stadichoan to leauwen det it Frysk barge-

dütsk is. ....

Is soks nin forhüddükjen fen it taelgefoel? My tinkt, it roait

nearne nei.

Men forwyt my, det ik troch de swarte bril sjuch; me wol net ha, det it sk slim wêze scoe? Nou, loaits' den ris goed om jimme

Sluiten