is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

dwaen, den troch hjar litten. En sa tink ik der yette oer, howol, ik moat sizze det de ütsünderingen nou hast sa seltsum net binne as nést in jiermennich.

De domenys dêr bin 'k ek yet net botte folie better op to sprekken as dodestiids, hwet hjar wanfryskens oanbilanget. Dit is de reden det ik it drankje net forfalle litten ha. Mar oars, — jawis: hjarren ha 'k döchs ek mear omkromte bylein as nedich wier.... as se fortsjinne ha, scoe 'k earst skriuwe, mar det wit ik net. De lêzer moat it nou mar nimme sa 't is.

1907.

Sjugge jimme, sokke skoalmasters binne der tominsten yette, al is 't net botte tsjok. Mar by üs domenys is 't Frysk foart, as wier it foartfage. Foar in jiermennich wier ik ris by üs folk ütfenhüs. Der wier do krekt in nije domeny by uzes komd to stean, farsk fen 'e hegeskoalle. Hy wier üt 'e Sanfirdterryp; syn heit wier dêr boer. Do't ik yette sa'n jonge sjit-yn-'t-süpen, en domeny yet gjin domeny wier, ha wy faken togearre it lan üt west to müzedrinsgjen. Wy ha ek alris oan 't hófsjongen west by in bürman fen syn heit-en-dy, en do ha 'k him noch in wan op 'e hüd jown, om't er my yn 'e opfeart hompe woe, do't Goarritboer üs mei de swipe eftersiet, en ik earder as hy oan 'e hikke ta wier. Det gyng allegearre op syn Frysk fensels.

Ik ütfenhüze den by üs heit-en-dy, en ik moast ek wol efkes by domenys sjên. Heit hie him de sneintomoarns üt tsjerke wei spritsen; hy hie tige nei my fornomd, en sein det ik moast foaral ris oerkomme, as ik der sin oan hie. It die him al nij, det er my net yn 'e tsjerke sjoen hie; ik wier dóchs wol goed by myn süpe en boltsje? hied er frege. Nou, det hie heit mar hwet biklaud; hy koe dóch slim sizze, det ik net drok mei tsjerkgean pielde, en myn eigen domeny sahwet wier. „It binne aerdige minsken; dou kinst it mei skik net litte om der ris oan to rinnen," wier it einsluten fen heite boadskip.

— „Aerdige minsken?" frege ik. „En ik miende det er yette frijfeint wier!"

„Ja," andere heit, „det is ek sa, mar syn sister wennet by him yn for hüshaldster. Dou bigrypst, hy kin net mei in faem allinne hüsmanje....