is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

jtNé, det giet al hwet min, dêr hat heit gelyk oan," sei 'k. „It

scoe kw'ea èach jaen, en it koe ek ris biteare, det it min for 'e preek wier. Mar hat de Gribus nou alhiel nin kans op in pastoarske?"

„Nou," sei üs mem; „ik leau, det er it op Hoaitseboers Pytsje forsjoen hat. Tominsten, dêr wirdt fen grute. Dy past ek krekt for domenysjiffrou. Hja hat fensels gans langer nei skoalle gien as in arbeidersbern, en hja kriget yet les. Master hat der drok de rin; hja leart nou Fransk en pyanospyljen, nei't der fen sein wirdt."

— „Eikom, den studearret Pytsje tsjinwirdich for domenyswiif!" forfette ik. „Soa soa! Mar scoe hja nou wol in gat stopje kinneynin stikkene hóas ef sa? Domeny rint wol net folie, mar hy scil hjir ef dêr döchs ek wolris dwers troch syn klean groeije, tinkt my."

„Och, ju, dou haste ek altyd hwet yn to bringen," andere mem. „Sjuch mar, detst seis in goed wiif krigeste. Ho is 't, scille dou en

Anne hast trouwe?" ^ ,

— „Né hear!" sei 'k. „Anne hat yet gjin genöch Fransk leard.

Mem prot fensels. Hja sei: „Der is mei dy net to praten; dou haste oeral altyd de gek mei. Jonge, jonge! - Dou wirdste nou njunkelytsen alder, - dou scoeste ek hwet wizer wirde, woe 'k ha!"

_ „Ja mem," andere 'k, „der scil foroaring komme, det ünthjit

ik mem!"

Sünt dy tiid bin 'k al wer ytlike dagen alder, en ek frijhwet oars wirden. Mar wizer...? Ik wit 'nt, ik wit 'nt! Do lake ik om dingen dêr't ik nou sims o sa'n argewaesje fen ha; do hie 'k de gek mei pyanospyljende en Fransklearende boeredochters, nou bigreatet it my om 'e manljue, dy't hja skieik biwaskje en bilaepje scille; do formakke ik my yn 'e Ünnoazelens fen 'e ljue, dy't hjarren forbrekke yn tael en brükme, om't se ljeaver great lykje en lyts wêze, as great wêze en lyts lykje wolle; nou barnt it my yn om üs foarfearne bi-erf, det fen sokken forsmiten en fordien wirdt. Do liet ik de gekken gek weze sa slim as se woene, en bikroadde der my net om; nou formoezje 'k myn tiid mei sangerjen oer en protteljen tsjin it lot, det hjarren ta bistjürders fen 'e wrald makket. Né mem! alder en oars is jougreate jonge al wirden, mar wizer nin krüm!