is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

siigde it ek sa. Det fornaem ik al oan 'e faem, dy't yn alles ta de dea keard like; det fielde ik üt it healtsjuster fen 'e gong. It foei my kald op 'e lea, sa froastich-stil as't om my hinne wier, en it bigoan my to spiten det de Oaestmar net fen 'e ring bipreke waerd.

Domeny stie mei de kruk fen 'e keamersdoar yn 'e han; in groubyntich frouminske heal efter him. „Ah, H.! (it minhearkjen wier him döchs to slim, rekkenje 'k,) hoe gaat het? Ik heb u in langen tijd niet ontmoet!"

— „Né domeny, ik jo like min," wier myn andert. „Mar meimy

is 't bést, mei jo ek?"

„Dank u!" sei er. „Wilt u maar binnen komen?0 ja: mijn zuster,

— mijnheer H.!"

Det hied er wol litte kinnen, hwent syn sister koe 'k like goed as him. In jiertwa tobek stie hja yette by hjar alden op 't stalt to aedbjinnen, en hjitte sljuchtwei Sjoukje. Det hja nou domeny en syn gasten mei thékoekjes en alderheislikst min Hollansk bitsjinne, en hjar jiffer neame liet, det mirk ik letter.

Ik kaem to sitten. Do sei earst domeny: ,,'t Is heerlijk weer, nietwaar?" en ik andere fen: „Ja, tige moai!" en do sei Sjoukje: „Ja it is sierlike moai wear; ik hew al teugen domeny seid: H. die treft it mar in syn fekansjetyd!" en ik andere al wer fen „Ja, tige bést,' alhowol, det léste wier ik net alhielendal iens mei hjar. Forfolgens woe domeny ha „dat het zou nu ook wel mooi zijn te Haarlem, met al die bloemen," en Sjoukje ornearre, „det ik sude my hast wel ferféle in 'e Gaestmeer!" en dér moast ik yetteris „ja" op sizze, diskear tominsten sünder der om to ligen, hwent it wier allegearre de wierheit — it

léste op det stuit ek.

Det gyng sa in skoftke troch. Ik bigoan njunkelytsen alwer yn mysels to tinken. Domeny wier gans foroare sünt det ik him for 't léste sjoen hie. Syn hier wier nou utkiemd; hy hie de earmtakken net mear troch de mouwen fen 't bealchseintsje, en nin knibbel mear troch de broek; syn neilen, dy't sa ynderlike swart wêze koene fen't knikken, skynden nou üt 'en readens; hy hie de boksen net mear opstrüpt, en ik koe hast wol bigripe det hy droeg ek nin strie mear yn 'e klompen,