Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

lyk as do mei 't müzedrinsgjen en sa. Nou mei men sizze, det ik soks wol tinke kinnen hie, hwent det in domeny net knikt ef müzedrinsget, en ornaris ek nin bealchseintsje oan hat, mar ik doar for wier forklearje, det ik dêr nou earst goed erch yn krige, nou't ik lyk foar him oer siet. Sa giet it yen altyd, as me ljue dy't me yn 't foarige kend hat, nei lange jierren werom sjucht. Den is der yn yens brein nin romte twisken do en nou. Seis is men de alde ek net bleaun, mar det bitinkt men foartdaelk sa net. Ik sinde der alteast net op, det domeny fen my it selde tinke koe, as ik fen him. Lykwol, ik naem it him alhiel net kwea, det er nou in lekkens pak oan, in wyt befke foar, en sa'n keamerklotske op hie, en det er syn troanje yn earnstige falden hold. Det hearde allegearre by syn offysje. Mar det er nin wird Frysk mear spriek; det er syn sister yn 'e forbylding liet det hjar getsjansel foarnaem stie, en det se in Snitser faem hiene, det stie my minder oan. En det er it hieltyd hie oer Utrecht, der't hy studearre hie; oer Haerlem, dêr't ik fen minsken soldaten makke; oer 'e lytsens fen 'e Gaestmarder tsjerke; oer 't forbouwen fen 'e pastorij, dêr't de tsjerkfögden net ta to krijen wierne en det döchs sa nedich wier; oer it bytsje ljue dêr't hja mei conversearje koene en oer it forfeelsum libben op sa'n lyts doarpke; det er us bliere bernejierren sa't like skjin forgetten hie, howol't ik fakernöch in raem die op syn ünthald, — dêr hie k al sa min myn moed oer. Ik woe him wizer hawn ha. Hy, dy't syn evenminsken it moaije fen it „Earje jimme heit en mem" ütlizze moast, hy moast seis foargien wêze yn 'e earbied for heitelan en memmesprake. Hy, hwaens hege ropping it wier, om ienfald yn wird en seden to preekjen, hy skamme him de ienfald fen't lan der't er berne wier.

Myn bisite yn 'e pastorije hat net lang dürre. Wy koene itnetsa bést pratende halde, domeny en ik, en sadwaende hie 'k ringen myn nocht. Domeny-sizze det gyng al sahwet, mar Hollansk prate tsjin immen dy't ik yn 't foarige in Frysk pak bruijen jown hie, det joech neat nin eigenskip. En dêr moast ik op 't lést döchs ta komme. Sjoukje frege my, nei't wy efkes sitten hiene: „Sal H. oek in kopke thé hewwe?" en ik sei fensels: „Jonge ja Sjoukje, as jy de thé brün ha, wol'k wol in pantsjefol mei-drinke!" Det wier poetsje 't each üt, om't ik hjar by

Sluiten