is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

O krekt!" sei 'k, en do bigreate it my om him. Mar fen 'e audjinsje-sigen hie 'k yelte mear lést as foartiid; ik spile de wyk sa gau as 't mei skik koe. Sünt dy tiid ha 'k nin foet wer sette wollen oer in pastorijedrompel, en dêr bifyn ik my goed by.

Nei't ik dit skreau, ha 'k lykwol döchs alwer ris yn in pastorije west. Men praette der Frysk, en sigen ha 'k net fornommen.

1907.

De sneins dêroan, yn 'e tsjerke, hie 'k yette Üngelikense folie mear meilijen mei üs swalker fen in domeny. ik siet op 'e kreake, lyk foar 'e preekstoel oer. Midden ünder 'e preek seach er my tafallich efkes oan, en do moat him grif hommels üs petear fen dy wyks to foaren yn 't sin komd wêze, hwent hy rekke yn 'e war, en sei: „Het libben is als een schaduw!" O hearken hwet krige er in holle, do't it der üt wier! De iene kleur gyng him öf, en de oare kaem him oan. Alle boeren skrillen to wekker fen 'e üngewoante, en harken forheard op. „Hy seit libben," lüsteren hja inoarren yn 't ear, en in mennich bysfeinten sieten to gysgobjen. Hoaitseboers Pytsje, dy't pronkmoai yn 'e tichte frouljuesbank siet, seach stiif foardel; ik hie alle reden om to leauwen det domeny syn libben him dy jouns in tige ünnochlik ürke by syn takommend pastorijekrüs jaen scoe, en

det griisde my oan.

Mar it slimste en it malste wier, det domeny, do't de tsjerke üt gyng, en de hearders, lyk as det al folie giet, de preek bisprieken, raer by de stoel del, en by 't gat ophelle waerd. „Hy hat my bidroefde min foldien fen 'e moarn," sei de iene. — „Ja," sei in oaren-ien, „en hwet forsint er him ek hieltyd, oars net? Niis sei er libben, wrychtich! Hy mocht him wol skamje; dêr hat er döchs net for leard, scoe k sizze!" — „Och," sei yette in oaren-ien, „it bliuwt op 't lést mar in boeresoan. En den fen 'e Sanfirdterryp!" Koart sein, domeny wier

alhiel üt 'e graesje.

En do hie 'k ek meilijen mei de Gaestmarders.

Haerlem, 1899.