is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

III.

Forstiet üs Ljeaven Heare ninFrysk?

Twa reiskameraten. — Kasernekost. — De skriuwer scil in kapittel üt 'e bibel foarlêze. — De Ingelsken krlje earst yet in grau en in snau. — „It Onzefader yn 't Frysk!" — Forstiet üs Ljeaven Heare it den net?

„Hea mem! forstiet üs Ljeaven Heare nin Frysk?"

It wier yn 'e winter, en op in Sneintomiddei, det myn jongste sister fen acht, njuggen jier dy frage die. It iten wier krekt birêdden; de pannen stiene yette op 'e tafel. Der om hinne sieten, buten it nijsgierrich Aechje, üs heit en mem, myn aldste sister, myn iennichste broer, en de man seis. Dêr ünder laei Bijke de bonken to bihimmeljen, wyls't er altomets gnoarre tsjin 'e fijannen dy't syn forbyldinge, ef ljeaver syn oerginst him sjên liet. Men moat altyd sjê-sa tinke: Bijke wier nin minske, oars scoed er wol wizer west ha. Hy wier mar in houn, en hounen habbe in oerginstich aerd.

Myn reiskofferke en syn baes wieme de Snjeontomoarns to foaren to Haerlem op 't spoar gien en de jouns, nei ytlike uren fen forfeelsum en skrousk omheunkerjen twisken oare kofferkes en oare minsken, sünder inoarren kwyt to reitsjen yn 't aldershüs oanlanne. It earste mei in ynhald dy't men it béste forgelykje koe by dy fen 'e kisten dêr't de merkejoaden Freedtomoarns hjar güd yn op 'e Brol bringe; de oarde mei in herte, oerrinnende fol langstme nei syn folk en goêkinden; fol hope op moai en tsjok iis; fol plannen dêr't gans yn foarkaem fen alve stêdden en 't Abbegeaster keatling; fol fen ik wit net hwet allegearre, hwent it is in wünder hofolle as in minske-, en foaral in ütfenhüzersherte net bergje kin. Hwet it forskaet fen ynhald oanbitange, koe 't skoan tsjin dy fen 't kofferke munsterje, en it laei ek allegearre trochinoarren hinne. Mar as 't op 'e wearde oankaem, woan dy fen syn herte it fierwei, om't, hy mocht der ek in skat fen ljeafde for heitelan en memmesprake ünder rekkenje, — en fen soks wier der yn 't kofferke neat to bikennen. Det hie nin heitelan en nin memmesprake, en 't wier bütendet in dea ding.