is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

harket, ja det ik einliks iepenbier de gek ha mei det bibellêzen, wol ik hjir efkes fornije, det se glêd forbjustere binne. Wis, ik tink, en tocht do ek al, oer in hopen dingen oars as my yn myn earste brij to iten jown is. Mar det brükme hat in diel fen myn opfieding west, en ik leau alhiel net det ik der in sprütsel minder fen wirden bin. Det brükme heart by myn oantinken oan in lokkige bernetiid; by de frede fen it forline. Det brükme is my hillich en djür, om't it myn aldene brükme is; ik mei der nin kwea fen hearre, lit stean det ik der

seis om laitsje scoe!

Heit hie it greate boek al iependien en it blêdwizerke op 'e tafel lein. Hy hie Lolke forbean, dy't de houn hünde; hy brimde al ris, en scoe krekt bigjinne, do't my hwet yn 't sin kaem.

Ik frege: „Scil ik it lézen hjoed ris fen heit oernimme?"

Dy frage wier hwet bütenwenstich, en sa waerd er ek opnomd. Heit harke der frjemd fen op, det ik, dy't oars trochstrings net mear nei de bibel taelde — det miende er alteast, — der nou oars oer tocht, sa 't like. Mar hy andere döchs foartynienen: „Ei jawis wol, hwerom net?" en woe my it boek oerjaen.

„Né, dér net üt," sei 'k. „Ik woe in kapittel léze yn 't Frysk."

Do seach ik yn fiif forhearde troanjes, en fen 'e weromstuit stiek Bijke de kop ek op. De bibel en it Frysk wirde net jamk yn ien sike

neamd, alteast yn 'e Gaestmar net.

— „Jawis, yn 't Frysk," forfette ik. „En it is tige moai, dêr kinne jimme fen op oan. As Lolke myn kofferke ris effen krije wol "

Det wier gjin dove sein. Lolke hie wol smucht op hwet nijs; mal ef moai, det kaem der sa lyk net op oan, — en as er 't for 't sizzen

hie, den mar mal.

Wyls't hy myn reiskammeraet helle, die ik myn bést om heit-en-dy kiear en düdlik to biwizen, det der neat nin forkeardens yn myn plan stike. Ik fortelde hjarren, det der lange jierren lyn in menniste domeny to Boalsert stien hie, dy hie yn 't Frysk in hopen dingen skreaun, en it Ewangeelje fen Matthewes ek yn üs memmetael oerbrocht. En dy forfryskinge wier him wakkere bést slagge.

„Soa; en ho hjitte dy man?" sei heit.