Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Ik neamde domeny Joast Hiddes Halbertsma.

— „O, det wier dy Grouster!" forfette er. „Deselde dy't det stik fen 'e Treemter skreaun hat. Nou, dêr docht er alderheislikste mal yn, hy spot mei God en syn gebod, om samar to sizzen. It scil wol in frjemde domeny west ha, tinkt my sa."

„Né heit," sei 'k; „dy skiednis fen 'e Treemter is fen domeny Joast" syn broer, dokter Eeltsje. Mar dy scil 't ek wol sa slim net miend ha. Hwet komt det der boppedien ek op oan? It Ewangeelje fen Matthewes is der like goed om. En dêr! it selde genoatskip det jimme bibeloersetting ütjowt, hat de fryske ek printsje litten."

Det léste sizzen wier in troefkaert, alteast for heit. Hwent „The British and foreign Bible-society" wirdt yn 'e orthodoxe wrald for fol oansjoen. Hwet dêr fendinne komt, kin net oars as goed wêze. Der scille ünder myn lêzers wol güds rinne, dy't miene det se hjar goedens wol halde meije, dêr oan 'e oare kant it Kanael, mar sokken witte der suver neat fen. De Ingelsken binne just tige for 't Goede mei in kaptaelske G. Yn 't stik fen Godstsjinst en hwet dêr mei anneks is, kinne wy in puntsje oan dy ljue sügje. Binammen de sinding: dêr forskreppe se hjar hast om. Hja wolle graech alle minsken dy't yette yn 'e fordoarnens omdünje, Ingels(k) meitsje. Tsjinwirdich stjüre se hjar sindelingen by seksjes nei de Transfael, mei kistefollen traktaetsjes en dumdum-koegels. De traktaetsjes brüke se om de Boeren it paed nei de himmel to wizen, en de koegels om se der hwet gauwer yn to krijen. Mar de Boeren wolle net graech Ingels wirde; dy sjitte werom. It is troch alles hinne, sa godleas as det folk is. Men biskammet yen om sokken, en me skammet yen dübeld as men bitinkt, det dy boere-hüshalding dêr yn Afrika yette fen yens foarfearne skaei is.

Hwet kin der al in ünderskie wêze twisken bern üt itselde laech! De Nederlanners binne ek nin Ingels, mar it bigjint der döchs al moai op to lykjen. Forline simmer ha se de hiele maetskippy op in fredeskonferinsje bean, en in stik twa trije nije foarten oanlein; it earste om 'e oarloch, en it oarde om 'e minsken ta de wrald üt to helpen, det ommers ek likernóch op it selde delkomt. Itskurve soadtsje üt'e Transfael mocht net by det fredespetear komme. Hwerom 'nt, det is sa klear

Sluiten