is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as kofjetsjok. Hja scoene de boel skeind ha. En dêrby, me moat it iene wolris litte om it oare. John Buil wier der ek by ütforsike en as dy en üs Paulus-om elkoar dêr spritsen hiene, den hie 't do faeks al bargebiten wirden. Nou binne se inoarren tominsten earst yn 'e faksen flein, do't de konferinsje al foarfêst oannomd hie, det der nea nin oarloch wer fierd wirde scoe, as om 'e frede to biwarjen. Hwet kin sa'n lyts lantsje as uzes al in bult goed dwaen, en hwet binne wy döchs fikse minsken, by dy oerkommelingen fen Boeren, siz ik yetteris!

Nei dizze lofsang op Ingelske godstsjinstigens, freedsumens en sêftsedigens, en de Nederlanske deugden fen 't selde boerdtsje, scil 'k fierder fortelle.

Dizze hiele ütfal liket niy nou hwet rombommich ta. Mar 't wier do moade om sa oer 'e Ingelsken to praten. „Yn ein tün

is nóch to wjoeden" det forgeaten wy do. En det scille wy

yet wol ris faker forjitte, ha'k soarch.

1907,

Ik mocht dos ut myn Frysk testemintsje foarlêze, om't it yn Londen printe wier. Lolke sette de koffer foar my del, en ik helle it boekje yn 't donkerblau bantsje, det myn lêzers hoopje 'k wol kenne, foar 't ljacht.

Myn sin foei op Matthewes VI.

« Under it lézen kipe ik myn hearders altomets ris oan. Heit knikte üt en troch; it gyng him wol nei 't sin, like my ta. De bern harken earst mei saun pear earen, mar 't foei Lolke al gau hwet öf, leau 'k; dy hie fêst hwet mear mallichheit forwachte. Mem skodholle forskate kearen; hja sei lykwol neat.

Mar do't ik kaem oan dizze moaije wirden: „Bidde jimme den sa: Us Heit, Dy'ste dêr biste yn 'e himelen! Dyn namme wirde hillige; Dyn Keningryk komme. Dyn sin wirde dien, allyk yn 'e himel, sa ek op 'e ierde. Jow üs hjoed üs deiliks brea. En forjow üs üs skilden, allyk as wy forjowe üs skildners. En lied üs net yn 'e forsikinge, mar forlosje üs fen 'e kweade. Hwent Dines is it keningryk en de krêft en de hearlikheit, ta yn ivichheit!" — do gyng it hjar to grouwélich. Hja sloech de hannen yn elkoar, en sei: „O fij jonge! dit giet to bot! O, ik kin 't my net bigripe, det in domeny soks skreaun hat, sa'n ge-