is toegevoegd aan uw favorieten.
Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Mar binne mei de jierren de omstannichheden en mei de omstannichheden wy foroare; is in hopen hwet do moai like nou raer, hwet do jong wier nou alder, en och! hwet do for wierheit nomd waerd nou jamk in ljeagen wirden; hat folie det do yn eare en oansjên halden waerd, nou al syn krêft en wearde forlern, det moaije wird üt in berne müle hat for üs folk-en-dy en my syn wirdije bihalden, en det scil sa bliuwe, ont it mei üs unthald giet as mei Bijke tosken. En om't ik tocht det it by oaren ek syn fortuten dwaen koe, ha 'k nou forteld ho en hwerom eft it sein waerd.

Lytse Nynke fen do! ik bitankje dy for hwetste üs, greate minsken, do, yn 'e ünskild fen dyn njuggen jier, leard haste! — Greate Tryn fen nou! ast', sa't ik hoopje, mei'tiid ris in Fryske mem wirdste, en dou praetst tsjin dyn bern oer üs Ljeaven Heare, lear hjarren den ek, det er like goed hjar Frysk, as in oarmans berne Hollansk forstean kin !

En jimme, Fryske heiten en memmen, dy't dit drankje sünder tsjinsin ynnimme! — gean hinne en doch krekt allyk!

Haerlem, 1899.

IV.

Sabeare-letterkindige Friezen, en letterkindige sabeare-Friezen.

Hwet pofferich praet ta bigjin. - Undergirdyntsjes. - De skriuwer is bang det it papier opslaen scil. — In sabeare-letterkindige Fries. - In letterkindige sabeare-Fries. - In wolgedien hear trêddet binnen. - Frysk skriuwen gjin kreweike twisken kofjedrinken en iten. — Yette.

Der habbe wol tiden west, det der gans hwet minder dien waerd oan 't Frysk, as tsjinwirdich. *) It Frysk kladderet moai by de wal op ;

*) ik"brflk" mei sin it tiidwird: eame hwet oan dwaen, om ris sjên to litten ho't det brükl wirde kin. Om't in Hollonner seit: .Ik doe aan Engeisch," tinke in hopen Friezen, det se skriuwe meije: „Ik doch oan 't Frysk." Dit doogt net. yn 'e bitsjutting dy't hja der oan ,owe. De btsjutting fen earne (hwet) oan dwaen is oars as dy fen 't Holtfnskeaar,, ,ets doer^ Det léste wol sizze: earne mei piele. Mar as in goêfries seit ef skriuwt: „Dr. Ee ltsje hat in bu te oan t Frys dien" den is syn bidoeling net, det Dokterom in bulte mei frysk skriuwen p.eld, mar syn skriuwen üs sprake tige foarüt brocht hat. It ünderskie is düdlik, tinkt my.