Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

as 't sa trochgiet is 't ringen alhielendal wer op 'e kluten. Yn 'e greate stêdden dêr't genöch Friezen tahalde, binne fryske selskippen komd, dy't libje as in hart. Hja telle hjar leden by 't hündert en halde op syn minst wyks ienris in gewoane gearkomste, en jiers wol twa-trije-ris in iepenbieren-ien. Yn sa'n gearkomste heart men nea nin wird Hollansk, - 't is Frysk hwet de klok slacht. En de ljue drage allegearre om bar in stik foar, meastal eigen wirk, inkeld ris hwet fen in oar, en dêr wirdt mei saun pear earen nei harke. Men moat rekkenje, sa'n selskipsjoun is trewis for ljue dy't hjar tael sa heech halde. Fierders wirdt der sünt in jier-ef-hwet Frysk leard oan e hegeskoalle to Utrecht. Dêr moat al safolle brükme fen makke wirde. Dr. Buitenrust Hettema hat it tominsten sa drok as fleanen; der giet praet fen det er help krije scil. — En hwet wirdt der net in hopen Frysk skreaun! Wy habbe nou al trije fjouwer tiidwirken dy't goed bisteane, en der wirdt ek in Frysk wirdboek ütjown!

— Dit allegearre siz ik, as der ris inkeld in frjemd is, dy't my nei üs memmesprake freget, en hegernöch stiet om der bilang yn to stellen, 't Scil wol forkeard wêze, al sok poffen en blazen, mar men is op 't lést mar in minske; en hwet hat in oar der ek sa lyk mei üt to stean, det de fjouwer mürren fen üs taelwent der sa keal ütsjugge! By aids plichten alle Friezen ündergirdyntsjes foar 'e glêzen to habben, det in oar hjarren net op 'e tafel sjên koe. Det brükme slyt nou üt; de iene docht it, en de oare lit it. Ik bin foar ündergirdyntsjes. Tsjin ljue üt oare lansdouwen siz ik it neiste, mar it alderneiste hald ik for mysels. Tsjin 'e Friezen ha 'k lykwol hwet oars to sizzen; dêr bin 'ksaefterhalden net tsjin.

It is wier: der wirdt tsjinwirdich gansk yn 't Frysk skreaun. Det skilt hwet by in jiermennich lyn. „Sljucht en Rjucht" komt der alle wiken oantögjen mei acht blêdsiden, (buten it omslach, frjeonen!) det liigt der net om. It „Selskip for Fryske tael- en skriftenkennisse" scil 't nou ek heger forsiikje mei it tiidskrift „Forjit my net", — om 'e moanne in jefte. En alle amerijen wirdt der, den fen 'e iene, den fen 'e oare, in nij toanielstik ütjown. Fierders binne der yet forskate kranten en krantsjes, dy't altomets in bekjefol Frysk meiprate. Itnaeit

Sluiten