Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

der üt as ald smoar; mei gauwens slacht it papier op, safolle Frysk

wirdt der printe.

Dit liket moai. Men scoene sizze, wy kinne de ündergirdyntsjes nou wol misse; habbe in letterkinde dy't klinkt as in klok. Mar as men de saken ris goed op en del biskóget, leit it lan oars. Troch de ljue dy't mei de pinne omskrippe om üs lansljue hjar eigen tael ünder 'e eagen to bringen, rinne in bulte sabeare-Friezen. Neffens it wraldske birin is hjar wirk den ek sabeare-Frysk. En men fynt der ek sabeareletterkindigen ünder, — dy't, alwer neffens deselde wet, sabeareletterkindich skaei to wrald bringe, as se fen 'e baen reitsje. Det sadwaende, wy ha twaderleije soarte fryske skriuwers, dy't hjar pipen wol yn 'e sek halde mochten: sabeare-letterkindige Friezen, en ietter-

kindige sabeare-Friezen.

De sabeare-letterkindige Fries is de béste fen twa minnen. Syn forkearde ynfloed op üs sprake gappet fierder as 't byt. Hy wier yn syn bernejierren immen dy't nea net mei wiete foetten yn e skoalle kaem, en altyd op 'e foarste bank siet. Hy helle nin prottersaeijen mei ünder 'e skürrepannen wei; hy kaem it lan net mei üt to aeisiikjen, en as er alris in aei foun, wier 't yn 't hinnehók, en hie heit ef mem it him hjitten. Leappe det koed er net, hwent de sleat wier altyd folie greater as syn moed. Master forklearre altyd, det er nin gehoorzamer leerling hie. Yn 'e hüs siet er twisken syn mem en de hird yn. Do't er alder waerd (wizer is er nea net wirden, hwent wiis hat er altyd west,) do't er alder waerd, sei 'k, en op 't fragelearen gyng, sei er de oaren de fragen foar. Hy wier tweintich jier, ear't er foar 't earst nei de frouljue gyng, en gyng do fensels yette oan 'e forkearde kant sitten. Der siet oars wol hwet by dy jonge, det sei syn mem tominsten; hy lies in bulte, en hie oeral in skoan bigryp oer. De hiele Kathechismus koed er fen büten en yn it oanheljen fen bibelteksten hied er syn gelikens net. En den koed er de frjemde nammen üt det béste boek ek sa moai ütsprekke! Syn eigen hoazzen en foetsokken koed er stopje, ja ik wit net ho slim eft it wol wier, — mar as 't der ta kaem, koed er himsels biwaskje en bilaepje, leau 'k. Hy makke ek wol rymkes en mei de riedlingen fen 't skoeralmanak wier er

Sluiten