is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

altyd al ré foar't in oar tiid hawn hie om der efkes oer to praktisearjen. Ho't it nou krekt yn syn wirken gyng, en hwet it wier, det wit ik net, — mar op in dei stie der in stikje fen him yn in frysk krantsje. En do wier er samar yn ienen frysk skriuwer. Sünt moezzet en poezzet er sa mei inket, det hy wyks twa-trijeris in nij skrift fen master, en syn wiif (hwent hy is yntiid ek troud) om 't fearnsjier in nij tafelkleed fen 'e lapkepoep ha moat. Hy fortelt troch de bank dingen, dy't wier bard hjitte to wezen, mar seit oan 'e ein fen syn wiere skiednis trou, det er der gans hwet byliigd hat. Oars scoene de ljue faeks ris miene kinne, det er oars neat as wierheit to fortellen wist — en det liket hwet lyts. Syn greatste krêft skület yn 't meitsjen fen toanielstikken, en den past er tige op, det alle minsken bliid en lokkich binne as 't üt is. De measte Frysklêzende Friezen slaen lykwol syn stikken oer, — as se der tominsten gjin sin oan ha om in knipperke to dwaen, — en dêrom bliuw ik der by, det hy de béste is fen twa minnen.

Mar nou de letterkindige sabeare-Fries. As dy him oan Frysk skriuwen bikweadiget, wirdt it slimmer. Det er letterkindige is, üntstriid ik net, oars scoe 'k ommers ek in oare namme for him ütsiikje. Det er net tige wittenskiplik ünderlein, ef, sa't er seis skriuwe scoe, tige üntwikkeld is, dér scil 'k like min hwet fen sizze. Mar hy is in Ljouwerter; hy hat sadwaende yn syn jonge jierren oars net heard, en oars net spritsen as stedsk, en to'n earsten lichtwol meidien oan 'e Ljouwerter flearremüzerije. Ef, as er syn earste siken helle hat op in boeredoarpke, — hy hat fader en moeke tsjin syn alden sizze moatten, moast syn broerren en sisters joukje, en wier fiersto heech fen komöf om mei boere- en arbeiders-bern op en ut to gean, en sadwaende it Frysk det him yn 'e hüs to min tapart waerd, op 'e bürren op to fandeljen. En hy hat ek sa lang buten Fryslan omhollandere, det it Frysk him for trije-fjirde part üntkomd wier, do't er ljeafde bigoan to fielen for syn memmesprake. Ef yn elk gefal: hy hat in bulte leare moatten; earst op 'e gewoane, en do op 'e hegere boargerskoalle ef op 't gymnasium, en op 't lést faeks ek wol op 'e hegeskoalle. En hwet der for de mage fen syn geast ornearre wier, det waerd him