is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

oars neat as Hollansk praet, en wier hjar memmesprake hjar üntkomd. Hja kaem by alde Rindert pötskipper, en sei tsjin 'e man: „Myn oude holpanne is gebrutst, nou moet ik in nijen-een képe." Hwet Rindert sei, en eft er ek in nije holpanne oan 't minske sliet, dêr wit ik net fen; as 't my oerkomd wier, hie'k se mei de stokdweil fen't skip öfreage.

Nou hear ik güds müskopjen: „Lekskoaijen is neat, detkininlyts bern wol, — mar ho scoed er seis oan mei dy „binnentrêdzjende" hear?" Nou frjeonen, wird for wird Hildebrand neibauwe scoe'k net, hwent den bliuwt it Hollansk.

Foarst scoe'k der om tinke, det in doar yn 't Frysk net üt himsels iepen giet, mar iepen dien wirdt;

Oard, det men yn Fryslan net binnen trêddet, as der tominsten nin bran is, mar deabidaerd der yn komt-,

Trêd, det me net wolgedien is, al weagt men ek like swier as trije fette bargen meiïnoar, mar det me der skoan utsjucht, en

Fjird, det me by uzes net fen hearen, mar fen manljue praet.

Do't dit drankje for 't earst printe waerd, folge hjir efter, yn in noat:

„De vocativus minhear lit ik der buten; dy sit der al yn biroaske, — en it is myn wyt net om de hiele wrald op 'e nekke to nimmen."

Det ha'k hjir mei 't al döchs mar dien, sa't ik it nou ynsjuch. Us biskaefde omgongsfoarmen foreaskje nou ienkear, sa 't liket, bisündere titels for manljue en frouljue dy'taltyd, efbygelegenheit ris, hwet oars wêze wolle as in oar. It moeit my det wy üs hjiryn ek al wer, lyk as yn safolle dingen, nei de Hollanners en 't Hollansk skikke, ynpleats fen der seis hwet op üt to finen, — mar it scil wol net oars kinne, ha 'k yn 'e rekken. Det sadwaende, dames en hearen! — ik liz my yn dizzen by 't gebruk del.

Ik scoe dêrom sizze: De doar waerd iepen dien, en in man dy't der skoan ütseach, kaem ta de keamer yn.

Alles hwet men yn 't Ingelsk, Dutsk, Fransk en Hollansk ensfh. sizze kin, det kin men yn 't Frysk ek uterje. Mar men moat fensels net ünder 'e pantoffel fen ien fen dy oare talen sitte, hwent den hat it spil luzen. Sa siet Hooft — mar it wier syn eigen bidriuw, wyls't