is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

iverich as de goeden, sa't det yn wol mear dingen giet. Hja krewearje alderheislikst for hjar sabeare-Frysk, en wirdt der hwetoan 'e merk brocht, dêr't hja nea net fen heard ha, den binne se der opslach by om to sizzen det it net libbet. Ik ken se wol, dy't om 'e trije fjouwer wirden ien unfrysk wird brüke en it den foartynienen for libben nij-Frysk slite wolle, howol't nin goê Fries it yn syn poannemütse krije scil om it to brüken, — en dy't alle fryske wirden, dy't hja nea net witten ha, ef dy't hjar forgetten binne, for dea en bigroeven ütrache, b.g. yette. Det der yette in hiele kloft Hynleappers is dy't it yette net litte wolle om yette to sizzen....

Sokke biroerde Hynleappers, net?

Haerlem, 1899.

Dit „drankje" dêr is mar gans spil üt foartkomd. Dr. J. B. Schepers makke hwet „drippen" ré, en woe ha, dy scoene sokken ynnimme, hwa't myn „drankje" to hird oankaem. Dêr gyng ik wer tsjin yn mei in „Iepen Brief", en do ha wy letter leau 'k elk yetris in kear nei-iggewearre yn Sljucht en Rjucht.

Ik tink oer 'e haedsaken yet krekt as do, mar dy striid hat my neitiid döchs moeid. It gyng forgees to bot en det laei him binammen oan my.

In pear jier letter hat Dr. Schepers yn 'e „Groene Amsterdammer" ris sein, det ik leaude fiersto folie oan opsetsin by 't brüken fen tael. Ik wit net rjucht yn hofier hy en ik it nou iens binne, en 't is hjir gjin plak om soks üt to meitsjen, — mar dér hied er gelyk oan. Det to folie leauwen oan opsetsin sit ek troch myn earste „drankjes", en dêr binne se minder om. Ik woe se der lykwol net om weismite, sa slim wier 't net, tocht my. Foroarje, — och, dy't de saek kindich is scil wol ynsjên det soks net oangyng. Men moat se yn 'e goedichheit mar nimme sa't se binne, en mar hwet foarsichtich wêze by 't ynnimmen; ik wit der mear 'nt fen. Det se yet wol helpe for 'e kwael dy't ik oantaeste woe, en dêr't yet ytlike lansljue mei oanhelle binne, leau ik fêst.

1907.