is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

tige meistride for 't Frysk en siker kriich genóch habbe om Friezen to wêzen oeral dêr't it heart, mar der net ta komme om thüs heit en mem, en by de famylje omke en moeike to sizzen. It hat altyd fader en moeke en oom en tante west en det bliuwt it.

Ik ha der neat gjin niget oan; it scoe my seis ek sa gean. Mar it biwiist de krêft fen itjinge yen yn yens earste brij to iten jown wirdt.

Dy earste brij dêr moatte de alden it Frysk yn biriede. Dogge se 't net, den scil letter master syn wirk heaterskjen wêze, inkelde

ütrinders net to nei spritsen.

En geane de bern op skoalle, den scil yet altyd de deiske omgong yn 'e hüs en op 'e bürren, binammen it sizzen en dwaen det hja greate mirtsken öfharkje en öfsjugge, hjar foarmje; yn 't stik fen tael like goed as yn oare dingen. Mei de bisündere tongslach fen 't gea dêr't se greatbrocht wirde, nimme hja de bisündere wirden en omgongsbrükmen ek oer, dy't frjemdsin en sabeare-fatsoenlikens dêr oanhelle ha. Hjar eigen sprake leare de bern buten skoaltiid; as master hjar dêr yn ünderrjuchtsje scil, kin er oars neat dwaen as 't jonge beamke üt en troch hwet bisnoeije, ris in hingerich tukje opbine, en al sa mear.

Forline jier skreau ik:

„It Frysk op 'e skoallen," sa hear ik nou faken,

„It Frysk op 'e skoallen is ien fen dy saken

Dy moatte der troch, hwent oars komt it forkeard: Den habbe üs berntsjes hjar tael gau forleard!

It Frysk op 'e skoallen, — jawis! det moat wêze!

Den kinne de Friezen alteast sahwet léze

De tael, dy't hja prate, — nou spant it der om,

En léze se üs sprake ündüdlik en krom!

Mar döchs, scil 't mei 't Frysk by üs bern hwet bidije, Den moatte hja mear as hwet skoalle-frysk krije!

Gjin paekjen en moekjen, en al sok pohei,

Mar heitsjen en memkjen, — dêr wint men it mei!