is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

It Frysk op 'e skoallen, — mar dit ek bitinke,

Det master mei 't amper by 't ntitsdopfol skinke,

En boarnt men 't hjar thüs net by 't amerfol ta,

Den stille de bern oan it skoalfrysk neat ha!

It Frysk op 'e skoallen, — 'k woe wol det wy 't hiene,

En inkelde „Friezen" sa'n tsjinwar net diene Mar 't driuwt lang sa slim net as 't Frysk yn 'e hüs! De skoalle jowt krümkes, — 't giet thüs by de rüs!

Ik tink der yet krekt allyk oer. En ik scil stride tsjin de alden

hjar ünfryskens, om sadwaende 't üntfryskjen fen'e bern tsjin to kearen.

* * *

Sa net, — „it Frysk op 'e skoallen, 'k woe wol det wy 't hiene!" Wier 't earst mar ris safier!

En wolle üs masters üt hjarsels bigjinne mei Frysklearen buten skoaltyd, safollesto better. Do't Dr. Schepers hjarren dêr op oanstie yn 'e lêzing dy't er fen 't jier op 'e miene gearkomste to Orou halden hat en dy't wy neitiid yn Forjit my net ünder 'e eagen krige ha, stjürde er krekt neffens 't kompas, tinkt my.

Mar mei syn learplan hold er in streektwa üt 'e koers. Wirdt det folge, den stille wy 't gat net bisile, ha 'k soarch.

It bern scil bigjinne mei 't fortellen fen 't ien ef 't oar yn syn Frysk, wol Schepers ha ').

Fensels; hwent in oarmans Frysk dêr hat it gjin witten fen.

Den moat it dy klanken op laei ef papier yn teikens omsette en dêr kin men it den meiiens by leare, ho't wy öfpraet binne om dy klanken to skriuwen.

Det scil foetten yn 't gat ha. Schepers is der ek al bang for. Der is hast gjin slimmer wirk as it ütbyldzjen fen klanken. Mei de boekstavering fen de iene tael sa goed as fen de oare docht men it yet mar üt 'en

1) Oan inkelde dingen to sizzen hat Schepers, do't er hjir oer praette, bern foar 'e geast hawn, dy't earst al Hollênsk lézen heard habbe. Dêroin scil ik my dêr ek mar oan halde, hjir.