is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

rügen, en seis dêr habbe skriuwers en dichters wol oan, lit stean fen bern.

De hollanske skriuwers skriuwe hjar tael dóchs allegearre gelyk, seit men ?

't Mocht hwet. Ja, as se it ikere Hollansk skriuwe. Det ha se altyd sa en sa skreaun sjoen yn 'e boeken en dêrom docht den it each it ear syn wirk. Mar sjuch se ris oan 't ütbyldzjen fen Hollanske tongslaggen. Den is 't maklikste hjarren to slim. Nim b.g. de swiere klank fen 'e aa, sa't men dy heart yn 't Amsterdamsk, yn 't Oeldersk, yn 't Grinslansk en yn üs stêdsk ek wol, binammen yn 't Snitsersk. De iene skriuwt ao, de oare oa. Oannomd, hja witte det de haedklank foar-oan moat by in dübelklank dy't net britsen is, den kin ien fen beiden net goed harkje.

Twalüd, habbe P. en De C. letter foarskreaun yn hjar spraekleare en det is grif ek better as dübelklank. Mar twjillüd scoe yette better west ha, tinkt my nou; mear neffens üs taeleigen. Forgelykje twjiljen, twiebak, twjirrc, twinter. Hawar, ünder in steand seil is 't maklik kloetsjen, det sjucht men hjir wer oan.

1907.

Siz tsjin in Fries, dy't net folie Frysk lézen en dos fen syn eagen gjin help hawn hat: skriuw ris boarst. Tüzen om trettsjen det er bjast set. Ien fen üs Fryske skriuwers (gjin minnenien) ha'k oars noait skriuwen sjoen as fatsjoenlik en hy seit dóchs fatsoenlik, det ha'k seis heard. In oaren-ien, oars ek wol yn steat om moai düdlik syn tinzen op 't pompier to bringen, skreau djarp for doarp. Dy j-sykte habbe in hopen dóchs slim, foaral üs Fryske brieveskriuwers; mei dy j tinke se alles goed to meitsjen. Men scoene sizze: ho komme se der oan! Oaren — hwet skerper yn sok ding — stille bwast en k\vat skriuwe for boarst en koart.

Ik scoe hjir yet by 't seksje foarbylden bydwaen kinne, mar 't hoeft ommers net. Hwa kriget net ris in Frysk brief ünder 'e eagen, dy't fol stiet fen soks? (Flaters as v for /, z for s, g for ch, dêr kom ik net op. Dy sitte him mear hjir yn det de skriuwers ta de Hollanske boekstavering biwend binne en dy kwael kin men se gau ófnimme).

Sa wol Schepers de bern nou oan 'e gong ha. Nou,as't sa moat,- mar dêr wol 'k foart gjin ja ef né op sizze, — den hat master in hijkeraedzje. Den mei er earst wol risoer syn discipels hjar earento wirk en hjar harkjen leare.

Ik nim mar oan det se klear binne for 't ütbyldzjen fen klanken.