Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Wy hoeve gjin algemien Frysk mear to krijen, — wy habbe it, det is sa fêst as in mütse mei saun kielbannen. De jierren, yn boun mei üs letterkindigen, habbe it opboud üt 'e dyalekten, geaspraken en tongslaggen fen üs sprake en de tiid hat der syn seine oer gean litten. Hwer't se krekt each sizze ef sein ha, en wirch en bliuwe, det kin my nin grevel skele. Det is to sizzen, my as skriuwer net; om in oare reden ha 'k der sims wol bilang by om it to witten. Wy, de skriuwers, habbe üs oanwend om krekt dy foarmen ornaris to brüken. En wy witte ek allegearre wol det it Frysk dêr't wy yn skriuwe, net de omgongstael fen in aparte krite is; hwet de wirden oanbitreft likemin as de wirdfoarmen. Ja it scil der tink 'k mei de measten wol oan ha, det se in priuwke jaen kinne fen 'e tongslach fen hjar gea. Hja kinne hjar better rédde mei 't algemien Frysk.

Ho't det sa komt?

Om't it each yn allen skerper bylden jowt as 't ear. It ünthald hat mear haldfêst oan hwet it earste seit. Dêrom ek mei is 't each greater forlies as it ear.

Wy brüke den, sa't ik sei, it algemien Frysk. Elk neffens de rykdom fen syn eigen geast, dy't by de iene gans mear wirden berget as by de oare. Mar nou wol ik dêrom net sizze, det det Frysk him krekt oan fêste wirdfoarmen halde moat! Hielendal net. Ik scil der nimmen skean om oansjên, as er êch skriuwt. As er dy foarm sa hiem hat ef sa fier boppe de oaren for kar nimt, det er dy yn syn wirk kans jaen wol op in lang libben moat gjin ien him det rjucht üntkreauwe wolle. Walino Dykstra en ik ha der ek nea nin messen om litsen, det wy de iene ünt-, de oare ont- skriuwe.

Us algemien Frysk is ek gjin bisündere tael for de letterkindigen wirden, in dea elemint, in stilsteand wetter det tichtgroeit, krekt as de alde Tsjonger. It hat romte for alle Fryske wirden, dy't it sij hjir it sij dêr libje. Mar it mijt him for foarmen as hélendoch en huzzen en skun en futten en fuer en for wirden as welke en skade en hoofd. It is de greate stream dy't alle wylde berch-iekes en wjitteringen opnimt en nei sé bringt, mar it grint en it slyk det se meinimme geandewei forliest en bisinke lit.

Sluiten