Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

Wirdt nou it ünderwiis jown sa't Schepers det ütsielt — altyd oannomd det men it sa jaen kin, — den scoe 't heldere wetter fen dy greate stream hjir en dêr grounich wirde. En det scoe my danich moeije; him net?

Dêr is wol sein en ik ha 't ek al ris lézen, det de broerren Halbertsma yn 't Grouster dyalekt skreaun ha. Det is net wier; ik wol 't wol biwize fen net. Hja brükten algemien Frysk, al is de Grouster tongslach wol tige tnerkber yn hjar wirk.

Ik woe sa graech det it Frysk Selskip hwet mear prikken to-wirk stelde om wyt en stribjen by de Friezen bikend to meitsjen. Op 'e hündert gjin tsjien dy't witte det üs Selskip bistiet, lit stean det hja bisleur ha scoene oer üs skreppen en skürren. Wy arbeidzje fierstofolle op üssels. Wy moatte de bern ha, hwent den ha wy de takomst. Mar siker, dy krije wy net büten 'e alden om. Kinne wy net ris hwet dwaen mei fluchskriften en al soks?

De Friezen binne ienkear wend, det de bakkers hjarren 't brea yn 'e hüs tögje.

En kinne wy net ris in soarte fen landei halde? Dêr is my al oer skreaun. It koe hjir takomme jier op 't Fean ris bisike wirde. It Oranjewald is greaternöch.

Fensels, men kin de tüch der to heech by skoerre. Mar altyd mei 't seil yn 'e gei driuwe, sa't wy oan distiid ta dogge, det hoeft likemin. Der is wetter by de rüs om ta to silen. As 't slim komt, kin der yet altyd in reef yn.

't Hearenfean, 1902.

Sa'n landei, as ik my dy do foarstelde, is der fen 't jier for 't earst halden. Nou, it Oranjewald wier greaternöch, det is den tominsten ien ding, dêr't ik my net mei forrekkene ha. Mar it foei my neat ta, det der net mear minsken wierne. Döchs leau ik, det der mear komme scille, as wy ünder 'e selde omstannichheden wer sa'n dei ha kinne.

Sluiten