is toegevoegd aan uw favorieten.

Omstikken en sydstikken

Onderstaande tekst is niet 100% betrouwbaar

It earste bigjin fen ,,'t Frysk op 'e skoallen" is der nou ek. By wolwêzen scille fen 't winter in fyftsjen masters op in sechtsjen plakken underwiis yn Frysk jaen, oan goed trijehundert bern. 't Is moai, det wy 't nou alteast sa fier ha, en wy ha ek reden om de moed der yn to halden. Mar yet altyd bin ik fen bitinken, det de ljeafde for eigen sprake it bern meijown wirde moat üt it aldershüs wei, scil it goed komtne op 'en dür.

1907.

VI.

Dichterwêzen.

Hwet is in dichter? — It andert fen 't greatste part minsken.

— It andert det somliken jowe. — It andert det in inkelden-ien jowt.

— Hjar andert. — Sa praet in Fryske mem net! — In frjemde redenaesje oer in dük yn domenys hege hoed, en mear sok ding. — Hwa is in dichter?

„Hwet is in dichter?"

Earst frege ik it immen, dy't net sa botte bilêzen wier, mar like min dom. Immen dêr't ik fen forwachtsje koe det er mei 't andert kaem det it greatste part jaen scoe: it folks-andert op 'e frage.

— „Ien dy't fersen makket," sei er.

Ik gyng nei in oar. Det wier in humorist, op syn menear.

„Hwet is in dichter?"

— „Ien dy't syn bést docht om mei hündert wirden it selde to sizzen as in oar mei tsjien en in düdlike saek sa ündudlik fortelt, det gjin minske der kop noch stirt oan fine kin. Meastal mient er det er mei alle dingen op 'e hichte is, mar as de kniper op 'e skine komt, stiet er mei forlegen hannen. It jild neamt er slyk, mar de sintese boltsjes, dy't syn wiif der for keapet, himmelet er mei op. Hy mient det er ride kin op in hynsder mei wjukken, en hy kin net iens op in ezel sitten bliuwe. „Weitse op!" ropt er tsjin in oar en seis dreamt er nacht en dei. Hy klaget det de kinst op skobberdebonk rinne moat om it libben to halden, en bigrypt net det in minske earst wol gek wêze mei, ear't er jild ütjowt oan sokke ünnutte dingen as 't omnamjen fen sinne yn dei/oarst, fen minske yn bertling, fen se' yn skomkoppe